heit&mem

De Tomke-massaazjekaartsjes: in moai momint om yn ‘e rêst te kommen

x 21 oktober 2020

De Tomke-massaazjekaartsjes brûke wy al in skoftke. Fanôf dat Rymer in jier as 3 wie, diene wy sa no en dan mei oan in oerke âlder/bern-yoga. Dat wie foar ús beiden hiel leuk. Rymer genoat altyd it meast fan ’e massaazje. Earst mem by Rymer op ’e rêch en dêrnei oarsom. Us yogajuf Christa makke dêrby ûnder oaren gebrûk fan de Tomke-massaazjekaartsjes.

Se ha der in skoftke út west by de Afûk mar no binne se der wer en wy ha gelyk in setsje oanskaft, en no mei ik der wat oer skriuwe en ha ik ek noch in setsje dat we brûke kinne op skoalle. Hiel fijn.

Yn it setsje sitte 30 kaartsjes mei alderhande ûnderwerpen, sommige passend by de tiid fan it jier bygelyks: de sniepop, hjerst, de krystbeam en it strân. Der binne kaartsjes oer bisten, de kapper, autowaskjen en iten klearmeitsje; sa is it hiel leuk om sop te meitsjen op de rêch fan dyn bern of oarsom.

Earst wetter yn ’e panne (strike), dêrnei griente snije (seagje), gehakbaltsjes deryn (rûntsjes mei de tommen meitsje), riere yn ’e panne (sirkels meitsje) en dan as it sop hyt is sêft blaze. Prachtich fine se dat. As it sop klear is, kinst ek noch kieze foar pankoeken en pizza bakke of in stik bôle smarre.

De oefeningen fan de clown en yndiaan dochst op it gesicht, en dy fan it toskepoetsersguod op ’e earm.

Bern witte troch de fleurige ôfbyldingen fan Tomke al gau wat der op de kaartsjes stiet en kinne se dêrtroch hiel goed sels útsykje.

 

Wy dogge it wol gauris foar it sliepen gean, de bern kieze dan in stik as trije kaartsjes út en sa massearje we elkoar, sittend yn in treintsje. In moaie ôfsluter fan de dei en in moai momint om yn ’e rêst te kommen.

Ek brûk ik de kaartsjes op myn wurk yn groep 2 fan ’e basisskoalle. Moaie oefeningen om de bern fertroud mei elkoar te meitsjen en de ferbining mei elkoar te sykjen.

Foar wa’t tinkt: hoe doch ik dat dan? Yn it setsje sit in gebrûksoanwizing, mei dêryn beskreaun hoe’t je de kaartsjes brûke, de foardielen fan massearen en in oersicht fan de massaazjegrepen.

Ek sit der ien kaartsje by mei dêrop it begjin en de ein fan de massaazje beskreaun. Bygelyks dat je earst efkes de hannen waarm meitsje en dy op ’e skouders fan de ûntfanger lizze. Op skoalle freegje de bern dan ek altyd oan elkoar: “Mei ik dy masseare?” en as de massaazje ôfrûn is, slute je wer ôf mei de hannen op ’e skouders en sizze we: “Bedankt foar it massearen.” 

Amanda Binnema

 

De Tomke-massaazjekaartsjes binne foar € 9,95 hjir online te bestellen!

Amanda is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!