heit&mem

De Tomke-masaazjekaartsjes: in grutte hit!

x 4 november 2023

Resinsje Tomke Massaazjekaartsjes

“Hoe fielt dat, dyn rêch as pizza?” frege ik myn soan Benn. “Hearlik”, seit er en hy sjocht sa tefreden en bliid. Sûnt in wike ha we de massaazjekaartsjes fan Tomke yn ’e hûs en se binne in grutte hit! Eins elke dei freget Benn oft mem ek in massaazjekaartsje dwaan wol. Syn heit hat er sels al in massaazje jûn. “Ik moat earst de hannen waarm wriuwe. Wat stiet der op it kaartsje mem?”

Der sitte tritich kaartsjes yn it kartonnen doaske. Op de kaartsjes stean ienfâldige massaazjeferhaaltsjes op basis fan werkenbere ûnderwerpen. Sa kin de rêch in pizza wêze, mar ek in blom, de hjerst of in smoarch t-shirt. Yn it yntroduksjeboekje stiet hoe’tst de kaartsjes brûke kinst en der is in kaartsje mei ynstruksjes foar hoe’tst begjinne en einigje moatst. Kinst it oersicht mei de massaazjegrepen der earst better byhâlde oant datst de grepen behearskest.

De kaartsjes binne makke troch Corina de Boer-Vreeke út Eastermar. Sy hat in eigen praktyk wêryn’t se trainingen en workshops jout yn ûnderlinge bernemassaazjes en oanreitsspultsjes. Massaazjes binne neffens har “in hiele aardige manier om rêst, ferbûnens en feilichheid yn dyn groep en gesin te kreëarjen.” By ús thús is dat wier it gefal. Us Benn is in gefoelich jonkje dat krekt nei de grutte skoalle giet. Dat makket in soad yndruk op him en dy emoasjes bliuwe yn syn liif sitten. Troch de massaazjes jout er him del en komt er út syn holle. Foar my as mem ek in hearlike wize om lichaamlik kontakt te hawwen mei myn soan.

De kaartsjes binne net allinnich foar thúsgebrûk, mar ek foar skoaloeren, op it pjutteboartersplak of de berne-opfang. Dêr kinne de bern elkoar in massaazje jaan. Dêrtroch leare se wat it is om elkoar oan te reitsjen en hoe dêrmei om te gean. It soe in posityf effekt ha op it learen en sliepen fan bern. Boppedat wurde bern troch massaazjes emosjoneel sterker. Dat klinkt je toch as muzyk yn ’e earen? Wy binne yn elk gefal tige wiis mei de kaartsjes. De pizza is seker in favoryt: lekker tokkelje, strike en sirkelje op ’e rêch om it daai te meitsjen en de lekkere toppings derop te dwaan!

Rozemarijn Strubbe, Wommels
Mem fan Benn (4) en Casper (1)

 

De Tomke-massaazjekaartsjes binne foar € 9,95 hjir online te bestellen!

Rozemarijn is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!