heit&mem

Te gek… de Tomke-massaazjekaartsjes

Te gek… de Tomke-massaazjekaartsjes

x 21 oktober 2020

Yoga, mindfulness, it bern alhiel yn byld, dat binne fakgebieten en tinkwizen dy’t it ûnderwiis ynslûpe. Miskien tinke jo dêr oars oer, sels fyn ik dat in moaie ûntwikkeling. De Afûk en Corina de Boer-Vreeke binne dêrop ynsprongen. Se ha tegearre de Tomke-massaazjekaartsjes makke. En dat ha se ferhipte moai en goed dien.

It liket sa simpel, nammentlik in giel doaske, moai tekene kaartsjes deryn, mei op dy kaartsjes ek massaazje-opjeften. Mar wannear’t it simpel en goed útwurke wurdt, wurket it tige goed. En dat dogge dizze massaazjekaartsjes.

Sels ha ik it doaske meinommen nei skoalle. In skoalle foar spesjaal ûnderwiis. In skoalle dêr’t ik ‘les’ jou oan in VSO-groep. Learlingen fan 12 oant 18 jier mei allegear in ferstanlike beheining. In sadanige beheining dat de measte jongeren út de klasse net takomme oan rekkenjen, lêzen ensfh. Dizze learlingen leare troch te belibjen, te dwaan, praktysk dwaande te wêzen.

At ik de dei iepenje en de learlingen sitte om my hinne, en ik helje foarsichtich it giele doaske út de tas, dan komme de earste opmerkingen, sawol ferbaal as non-ferbaal, op my ta.

‘Ah Tomke, kinderachtig’, in oar makket in ‘wegwuif’gebaar mei syn hân. En ja, dat hie ik ferwachte, ommers it binne tieners en Tomke is foar lytse bern… dochs?

Dan begjinne we, om beurten komme se foar my sitten. Elk kriget, at se wolle en doarre, in massaazje fan my (ja, yn dizze foarm fan ûnderwiis giet de oardelmeterregel echt net op).

Elk in oar kaartsje, elk in oare massaazje.

It binne koarte en maklik út te fieren massaazjes. De jongeren dy’t in koarte massaazje fan my krigen ha, oan ’e hân fan sa’n Tomke-kaartsje, genietsje folop. ‘Oeh dat kribelt’, ‘Dat fielt lekker’, mar ek wille om wat se belibje en fiele. In koart momint op ’e dei, in momint fol genietsjen, mei oandacht foar eigen lichem en dus ek eigen wolwêzen. In momint dat faker komme sil, dat is no wol wis.

De krêft fan de kaartsjes leit him yn it goed trochtinken fan de massaazje-opjeften, se binne koart en dúdlik útwurke. Dêrnjonken is der ek in koarte en dúdlike útlis oer it gebrûk fan de kaartsjes.

De kaartsjes binne beheind yn grutte. De learkrêft, begeliedster, mar ek heiten, memmen, pakes en beppes, kinne se maklik opbergje en sa wer tefoarskyn toverje. En… se binne te brûken binnen ferskate tema’s. Kaartsjes dus foar it spesifike, spesjale ûnderwiis, mar fansels ek foar pjutten, de jonge bern en wa wit ek foar…

At wy yn de klasse de Tomke-kaartsjes wer opromje, seit in learling: ‘Dat wie te gek.’

In moai en grut komplimint foar de Afûk en Corina.

 

De Tomke-massaazjekaartsjes binne foar € 9,95 hjir online te bestellen!

Pieter Zuidema is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!