heit&mem

De boekresinsje fan Tiete-Fokje: ‘De lytse walfisk’

x 7 september 2020

Wat wie it foar de bern in superleuke ferrassing, in moai nij boek samar yn ’e brievebus. We ha it al faak mei in soad wille lêzen!

Boi wennet mei syn heit en seis katten yn in moai strânhús oan see. Heit is alle dagen oan it wurk op in fiskersboat en Boi is dêrom in soad allinnich thús. Nei in stoarm seach Boi moarns betiid wat der allegearre oanspield wie op it strân en doe fûn er in lytse walfisk. In nij freontsje foar Boi. Hy betocht fan alles om mei en foar de lytse walfisk te dwaan: in lekker bad, lekker iten en moaie ferhalen oer it eilân! Mar jûns kaam heit wer thús, wat soe heit derfan fine at der samar in lytse walfisk yn ’t bad lei? Gelokkich wie heit net lilk, mar se brochten de lytse walfisk tegearre wer nei de see. Boi hopet de walfisk skielk noch wer ris te sjen!

It ferhaal is leuk en maklik te lêzen mei de bern, de plaatsjes yn it boek binne hiel moai, dat fûnen de bern prachtich om te sjen. Ek sochten we op alle bledsiden nei de poeskes fan Boi.

Sels fûn ik de ein wat minder, de konklúzje wie dat Boi him allinnich fielde, mar op ’e ein stiet net dat heit no faker by Boi bliuwe sil… Oan ’e plaatsjes te sjen docht heit no wol mear mei Boi, mar it wurdt net beskreaun.

It boek is wol in echte oanrieder, hy wurdt hjir no ek gauris út ’e kast pakt! En paste fan ’t simmer moai by ús strân-tema. It is in leuk boek foar bern fan 3 oant 7 jier!

Tiete-Fokje van Eijk út Arum
Mem fan Joyce (17), Sascha (13), Sem (10), en Thalita (6)
en oppasmem fan de bern fan ’e Flintertûn yn Arum

Op ’e foto steane Thalita van Eijk, Elin de Vries, Mare, Yinthe en Fedde de Jong en Inez Dunnewind.

‘De lytse Walfisk’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Tiete-Fokje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.
-> Der is ek in lêsbrief oer dit boek makke. Klik dêrfoar hjir foar de pdf.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!