heit&mem

De resinsje fan Berber: Fjoertoer yn it wâld’

x 27 augustus 2020

‘Fjoertoer yn it wâld’ is in dichtbondel besteande út fiif haadstikken. ‘Fyn ik dy’ is in ynliedend gedicht oer Hut syn relaasje mei de poëzy. Oer hoe’t hy poëzy belibbet – der tiid foar makket – derfan genietet en hoe’t de poëzy en hy inoar fine.

It haadstik ‘Hoe’t geheimen reizgje’ giet oer tinzen en dreamen en hoe’t je dat meinimme kinne nei in oare tinkbyldige wrâld.

Hut dichtet oer it wetter yn allegearre foarmen yn it haadstik ‘Archipel Skiplân’. De earste oanrekking mei de see, de seedyk, Europa ferbylde yn wetter, havens en rotsen.Yn ‘Termyk fan dreamen’ stiet in gedicht neamd ‘Smook yn ’e wâlden’. It gedicht jout útlis oer de titel.

Yn ‘Understêd’ giet it oer feroaringen yn ’e stêd, yn ’e minsken en foaral oer feroaringen yn it libben. Mar guon saken sille ivich bestean: ‘my love for you is undying’.It grutte en oerkoepeljende tema yn dizze bondel is LJOCHT. Ljocht yn de breedste sin fan it wurd: fjoer, in bioskoopskerm, lampen, de moanne, reklamebuorden, de loft…

It is in moaie persoanlike bondel, mei geregeld werkenbere stikken. 

Dêrneist gean ek in soad gedichten oer oare kultueren dy’t Hut moete hat doe’t er nei Malta gie foar Kulturele Haadstêd 2018.

Myn miening
It is in moaie persoanlike bondel, mei geregeld werkenbere stikken. Ik stapte blanko yn dit boek en it hat my posityf ferrast. It is hiel taastber troch de byldspraak, mar tagelyk ek abstrakt. Oer wa of wat giet it no echt? Arjan Hut skriuwt op sa’n wize dat er in soad oan de eigen ynterpretaasje oerlit en ek it geheimsinnige en dreamerige komt sterk nei foaren.

Wat my persoanlik tige oanspruts, wie de rol fan it ljocht. Yn elk gedicht komt de ferhâlding donker/ljocht wer werom, sels yn it prachtige clair-obscur kaft fan de bondel.

De titel is ek goed keazen. Dêr komt it ljocht-donkerkontrast ek nei foaren yn de foarm fan in fjoertoer. In fjoertoer dy’t in beaken yn de nacht is. It ljocht dat sterker is en altyd wer opdûkt.

Myn favorite gedicht yn dizze bondel is: ‘Ik brocht ús âlde dvd’s nei de Omrin’.

Dat wie echt in gedicht mei in laits en in trien. Dêr waard net hiel folle oan de ferbylding oerlitten, mar ik fielde wol in hiel soad emoasje. De kadâns fan de wurden die wat mei my. Sa echt, sa helder, sûnder opskik. In dei út it libben fan…

No moat ik wol sizze dat ik soksoarte gedichten net faak tsjinkaam bin yn dizze bondel. De measte gedichten binne abstrakter en litte dy as lêzer meifarre op en yn dyn eigen tinzen en fantasyen. Dat sprekt my ek oan en kin ik wurdearje.

Berber Braaksma – Feanwâlden

 

Fjoertoer yn it wâld is foar € 17,50 hjir online te bestellen.

Berber is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.