heit&mem

De boekresinsje fan Jinke: ‘Wat in koffer seit’

x 28 juli 2020

Ik mocht ditkear in resinsje skriuwe oer de dichtbondel Wat in koffer seit, fersen út Theresienstadt, skreaun troch Ilse Weber. Ilse Weber wie in Tsjechysk-Dútske frou, dy’t dy fersen skreau oer alles wat se belibbe en fielde yn de Twadde Wrâldkriich. 

Ilse har âldste soan is al yn 1939 mei in bernetransport nei Sweden reizge. Foar Ilse, har man Willi en jongste soan Tommy is it te let om te emigrearjen. Se waarden yn 1942 deportearre nei Theresienstadt. Dêr skreau se nachts as se net sliepe koe fersen. De fersen wienen in ljochtpuntsje foar de finzenen yn Theresienstadt. Ilse is fermoarde yn 1944, yn Auschwitz-Birkenau.

Har man Willi ferstoppe sa’n 50 gedichten, lieten en tekeningen yn in gat yn it hokje foar túnark yn Theresienstadt. Nei de befrijing út Auschwitz is hy weromgien om de gedichten op te heljen. Yn de jierren nei de oarloch krige har man troch oerlibjenden noch in soad gedichten tastjoerd dy’t skreaun wienen troch Ilse.

Dat is yn it koart it libbensferhaal fan Ilse en har fersen. It libbensferhaal grypt je al oan by it lêzen, ik bin dan noch net iens oan de fersen takaam. As ik by de fersen oankom, sjoch ik dat dy der twa kear yn stean. It Dútske orizjineel en de Fryske oersetting fan Eppie Dam. Dat fyn ik moai, sa kin ik it orizjineel ek lêze. It falt my op hoe knap Eppie Dam de fersen oerset hat. As je wat oersette en it moat ek noch rymje, dat is net maklik. It is Eppie Dam lykwols slagge om hiel ticht by de tekst fan Ilse Weber te bliuwen. 

It fers dat my it meast rekke, wie ‘Brief oan myn soan’. Dat fers skreau Ilse 3 jier neidat har âldste soan nei Sweden gien wie. As mem rekket dat fers dy djip yn it hert. Dyn soan misse, by oare minsken achterlitte, net witte hoe’t it mei him giet. Mar oan de oare kant bliid wêze dat er net by dy is, op dat ferskriklike plak. Ilse wit har gefoel treffend te beskriuwen. Ik koe it net drûch hâlde. 

Ek it fers ‘In transport op kommendewei’ is oangripend. Wa giet op transport en wa net? De skamte fan de achterbliuwers dat se net op transport gean wylst oaren wol gean, fiel ik oant yn myn bonken.

Dêrnjonken fyn ik it fers ‘Frijheid, in glimp’ hiel moai. Dat fers giet oer frijheid en is fan alle tiden. Frijheid is sa wichtich yn it libben. Ilse skriuwt dêr prachtich oer: ‘Wy minsken hearre toch ta ien fermidden’. Sa sjogge je mar dat dy fersen fan mear as 75 jier âld noch altyd aktueel binne. 

Ik bin gewoanwei hielendal gjin fan fan dichtbondels en fersen. Mar dizze bondel is seker in oanrieder. De fersen binne flot te lêzen en alhiel net dreech. Se binne dêrom geskikt foar elkenien. Ek minsken dy’t net fan gedichten en fersen hâlde, kinne hjir wat fan har gading yn fine. It bliuwt altyd in wichtich ûnderwerp; wat der yn de Twadde Wrâldkriich bard is, meie wy nea ferjitte. De ferbining mei hjoed-de-dei is te finen yn de langstme nei frijheid. Al mei al soe ik sizze: bestel ’m mar gau!

Groetsjes Jinke Stoker út Gytsjerk

 

Wat in koffer seit is foar € 12,50 hjir online te bestellen.

-> Jinke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!