heit&mem

De resinsje fan Afke Nynke: Fjoertoer yn it wâld

x 21 juli 2020

In lyts swart boekje dat ljocht útstrielt. De dichtbondel ‘Fjoertoer yn it wâld’ fan Arjan Hut hat dy bysûndere eigenskip. Yn in lytse 20 gedichten nimt Arjan Hut syn poëzij my mei…

 

nei in wrâld dêr’t alles kin en alles al is

nei plakken wêrfan’t je ferjitten wienen dat se bestienen

nei ferwûndering

nei in magyske kombinaasje fan wurden dy’t myn fantasy entûsjasmearje

nei bylden wêrfan’t ik net wist dat ik se sjen koe

nei de waarme, ljochte plakken yn myn hert

 

Poëzij hat al fan jongs ôf oan in plak yn myn libben, yn myn hert. As jong famke meidwaan oan de Foardrachtskriich yn it teäter fan Frjentsjer, wat in prachtige belevenis. Foardrage doch ik net folle mear, mar gedichten skriuwe en (foar)lêze is foar my noch altyd hiel belangryk en bysûnder.

Soms wie ik de poëzij in skoftke kwyt, mar it komt altyd wer by my werom. It rekket my en it jout in bepaalde rêst. It is oan te rieden om yn de hastigens fan ús libben – ik bin in jonge frou mei in man en twa berntsjes – de fertraging fan de poëzij ris op te sykjen. De gedichtebondel fan Arjan Hut lêze je net yn ien kear út. Lês ien gedicht, slút dyn eagen en merk op wêr’t it dy bringt…

It iene gedicht hie my fuort yn ’e greep mei de prachtige kombinaasjes fan wurden, it oare gedicht rekke as bekaam minder. Guon dogge je drekt glimkjen, om’t je foar je sjogge wat der skreaun wurdt; sa as de fierte dy’t je simmers net sjen kinne om’t it mais derfoar stiet. In oar gedicht giet oer in fytstochtsje nei de Omrin; werkenber foar safolle minsken, ik ha my dêr o sa oan fernuvere!  

‘Fyn ik dy’, it gedicht wêrmei’t de bondel iepenet, is fuortendaliks ien fan de moaisten, ast it my fregest. It giet oer it finen fan de poëzij, oer it finen fan in boadskip, it finen fan it ljocht yn de wurden.

Ast goed lêst, dan is der yn alle gedichten in elemint fan ljocht werom te finen, krekt as op de foarside fan it kaft. De byldzjende taal nimt dy mei nei dreamen fan de dei en de nacht, nei de sinne en de stjerren. Gean mei op syk nei dy tematyk yn de tekst en lit it ljocht dy ferwaarmje.

 

“Altyd hâldsto dêr in plakje foar my frij,

o, poëzij”

Resinsje skreaun troch: Afke Nynke Elting (31) út Rie… altyd op syk nei moaie wurden foar hert en siel

 

Fjoertoer yn it wâld is foar € 17,50 hjir online te bestellen.

-> Afke Nynke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!