heit&mem

De resinsje fan Tietsje: ‘Tomke en de bijen’

x 21 juli 2020

Wy meie wer in resinsje skriuwe, ditkear is it in ferrassing hokker boek it wurdt. It sil in boek wurde út de nije Tomke-rige oer de seizoenen, skreaun troch Geartsje Douma en mei yllustraasjes fan Luuk Klazenga. De boeken yn dy rige binne “Tomke op it iis”, “Tomke en de bijen”, “Tomke op fakânsje” en “Tomke nei de bosk”.

Sadree’t de post de enveloppe fan de Afûk besoarget, draaft ús Nynke (2) al nei de doar, “mem, post!”. Tegearre meitsje wy de enveloppe iepen en helje it boekje “Tomke en de bijen” derút. Nynke begjint fuort it Tomke-ferske te sjongen, se is der dúdlik bliid mei.
(It Tomke-ferske stiet op de cd “Fyftjin Fryske ferskes foar lytskes”, dy’t fergees by de Afûk te krijen is − dy cd is hjir in grut súkses, foaral ûnderweis yn de auto!)

Wy moatte it boekje fansels fuortendaliks lêze en dat is foar ús beiden in lyts feestje. Omdat de boekjes op rym skreaun binne, lêst it maklik en de yllustraasjes yn it boek passe prachtich by de tekst.

Earst besjogge we de yllustraasjes in pear kear en dan lêze we it hiele boek. Nynke is earst foaral ferwûndere oer it bysûndere pak fan Ymker Jan en dat Tomke ynienen ek sa’n gek pak oan hat. Letter komme ek de bijen sels mear oan bod. Yn de tún rinne we nei de blommen en sykje we om de bijen.

Alle kearen at we it boekje besjogge of lêze, ûntdekke we wer nije dingen, en wylst Nynke no foaral in soad leart fan de plaatsjes en wat bijen binne, helpt it boek ús letter om út te lizzen wat bijen presys dogge en wêrom’t se sa wichtich binne. In hiel moai boekje, dêr’t we noch skoften yn lêze sille.

Tietsje Vijverda út Oentsjerk

Tomke en de bijen is foar € 6,50 hjir online te bestellen.

-> Tietsje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!