heit&mem

De resinsje fan Antje: ‘Tomke en de bijen’

Dieuwke van der Meer 20 juli 2020

Dit boekje ha ik foarlêzen oan groep 1-2 fan de St. Martinusskoalle yn Makkum. De bern wienen dwaande mei it tema ‘bijen’. Sadwaande wisten se al it ien en oar oer de bij. Soks is handich as it giet om oanfullen en foarspellen ûnder it lêzen. Mar as yntroduksje fan in tema kin it ek prima. Ek júst ast noch net safolle oer de bij witst, lient dit boekje him tige goed om dêr mear oer te learen.

It is in leuk ferhaal, de bern sitte der gelyk yn. It is moai op rym set, mar lêst as in ferhaal. Tomke is bang om stutsen te wurden troch in bij. It ferhaal slút dêr moai oan by de bern. It is de earste reaksje ast noch net safolle fan it ynsekt ôfwitst. Kornelia nimt Tomke mei yn it ferhaal fan de bij, fia de blommen, de ymker en fansels de hunich. Yn it boek komme alle begripen op in natuerlike wize oan bod.

De yllustraasjes geane echt oer de bledside dernêst. Dat makket it ferhaal tige sprekkend. It helpt ek om de bern it ferhaal neifertelle te litten. Dat it ferhaal op rym is, is ek helpend dêrfoar.

Al mei al fyn ik it in boekje dêr’t ik as learkrêft in soad út helje kin. Mar de bern genietsje ek gewoan fan it ferhaal en dêr giet it fansels om.

Antje van Schepen

 

 

Tomke en de bijen is foar € 6,50 hjir online te bestellen.

-> Antje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!