heit&mem

De boekresinsje fan Rozemarijn: ‘De lytse walfisk’

Dieuwke van der Meer 14 juli 2020

Der falt in pakketsje troch de doar! Mei ús trijen op de bank pakke wy it gau út. De jonges binne daliks entûsjast. It is in boek! De lytse walfisk. ‘Wolsto foarlêze mem?’ freget ús âldste Benn (4), en Casper (1) krûpt al op myn skurte.

De lytse walfisk fertelt it ferhaal fan Boi, dy’t mei syn heit op it strân by de see wennet. Syn heit is alle dagen oan ’t wurk en Boi is dan allinnich thús. Nei in fûle stoarm fynt Boi in walfisk op ’t strân. Boi docht alles om de walfisk te helpen en stoppet him thús yn ’t bad. Boi spilet muzyk foar syn nije freon en fertelt him ferhalen oer it libben op ’t eilân.

As syn heit wer thúskomt, mei Boi de walfisk net hâlde. De walfisk moat wer werom nei de see, omdat dat syn thús is. Boi moat ôfskied nimme fan syn freon, mar syn heit bliuwt no faker thús om leuke dingen mei Boi te dwaan.

Ek mei lytsere bern is it in prachtich boek om foar te lêzen.

De lytse walfisk fertelt yn in leaflik ferhaal oer wichtige tema’s lykas iensumens, freonskip en ôfskied nimmen. It boek nûget út om dy ûnderwerpen te besprekken mei dyn kleuter. ‘Soe Boi de hiele dei allinnich wêze?’ frege ik. ‘Nee, de katten binne thús’, seit Benn. ‘Mar wa past der op Boi as syn heit de hiele dei fuort is? Wêr soe syn mem wêze?’ ‘Dy heart der net by’, fertelt hy my. Hoe fielt Boi him as er de hiele dei allinnich is? Wêrom nimt hy de walfisk mei?

Kinst tegearre in hiel filosofysk petear hawwe. Troch dy fragen te stellen en it ferhaal faker te lêzen, ûntdekst ek hieltiid mear dingen yn it boek. Sa seach ik pas by de tredde kear dat oan de binnenside fan it omslach yllustraasjes stean fan de lytse walfisk, dy’t earst syn famylje kwytrekket omdat hy de ferkearde kant op swimt en oan ’e ein syn famylje weromfûn hat.

Ek mei lytsere bern is it in prachtich boek om foar te lêzen. Troch de rêstige kleuren komme de belangrike eleminten dúdlik nei foaren. Us dreumes wiist op elke bledside entûsjast de walfisk oan. Kinst dus lang wille ha fan dit boek!

Rozemarijn Strubbe, Wommels
Mem fan Benn (4) en Casper (1)

 

‘De lytse Walfisk’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

 

-> Rozemarijn is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

-> Der is ek in lêsbrief oer dit boek makke. Klik dêrfoar hjir foar de pdf.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!