heit&mem

De boekresinsje fan Tryntsje: ‘It grutte famyljeboek’

Dieuwke van der Meer 10 juni 2020

In skoftke lyn lei der in slûf op de matte, mei dêryn in boek. Spannend, it liket wol in kadootsje. Wy pakke ‘ús kadootsje’ gau út. Foar ús leit it boek ‘It grutte famyljeboek’. In grut giel boek mei allegear minsken op ’e foarkant. Famyljes yn allegear soarten en maten. Mei de bern besjoch ik it boek earst ris hielendal. Wêr soe it oer gean? Wat tinksto?

Dan slaan wy it boek iepen. It boek start mei de fraach: Fan wa bisto ien? In moaie fraach om meimekoar oer nei te tinken. Hoe sjocht ús gesin derút? Wêr hearsto by? Mei hoefolle wenje wy yn ús hûs? Binne der mear minsken dêr’t wy by hearre? Dêr meitsje wy in tekening fan. Wy beprate wa’t grut is en wa lytser. Ek sjogge wy goed oft elkenien derop stiet.

Wy ha al in hiel ferhaal hân foar’t wy begûn binne te lêzen. Wy blêdzje it boek troch. Alle siden stean fol mei moaie yllustraasjes. By dy platen stiet in koart stikje tekst, faak mei in fraach. Sa sykje wy op side 4 en 5 nei in famylje dy’t liket op dy fan ús.

It grutte ferskaat oan famyljes ropt allegear fragen op by de bern. Der stiet bygelyks in famylje by dy’t bestiet út in pake en beppe mei bern. ‘Wêrom wenje sommige bern by hun pake en beppe, mem?’ is ien fan de fragen dy’t ik krij. Wy ha leuke gesprekjes meimekoar.

It boek noadiget út om aktyf oan de slach te gean mei dyn bern.

De moaie platen yn it boek soargje derfoar datst lang yn it boek omblêdzje kinst.

It boek beljochtet alle aspekten fan it ûnderwerp. Famyljes ha in soad ferskate gearstallingen en kinne ek feroarje. Der kin in berntsje by komme of in famyljelid fuortfalle. Alders kinne byelkoar wenje, mar ek beide yn in eigen hûs.

Ek sjogge wy yn watfoar huzen je wenje kinne. Dat binne in hiel soad. Sommige huzen lykje ús hiel leuk om yn te wenjen, oaren net.

Oan ’e ein fan it boek giet it oer gefoelens en dat famyljeleden net altyd itselde fiele en fine. Dy pagina’s sprutsen myn bern bot oan. Sa wurde der in rûzje oer boartersguod en de dea fan in goudfisk útbylde.

De moaie platen yn it boek soargje derfoar datst lang yn it boek omblêdzje kinst. Elke bledside fertelt in oar ferhaal. Kinst it boek dan ek brûke as in neislachwurk. Kinst it tegearre mei dyn jonge bern lêze, mar bern kinne der sels ek skoften nei sjen en dingen ûntdekke op de platen. As dyn bern wat âlder is, kin it sels wurden opsykje achter yn de wurdlist.

De ôfrûne tiid krigen wy fan skoalle opdrachten dy’t mei famylje te krijen hiene. Doe kaam it boek ek moai fan pas.

It boek lit de moaie kanten fan famylje sjen, mar lit ek sjen dat it somtiden oars giet as oars. Dat is net slim, want hoe’t jim jim ek fiele, jim famylje is spesjaal. Jim húshâlding is oars en do bist dêr ien fan, sa’t de skriuwers fan it boek it útdrukke.

Al mei al is it in moai ynformatyf boek oer in ûnderwerp dat elkenien ken.

Troch Trynstje Hoekstra út Hallum.

 

It grutte famyljeboek is foar € 12,95 hjir online te bestellen.

-> Tryntsje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!