heit&mem

Resinsje fan Sieta: ‘It aldermoaiste bisteboek’

x 14 april 2020

Ien, twa, trije, fjouwer of fiif pykje(s) binne op syk en komme by allegear buorkerijbisten del. Dy bisten helpe de pykjes en ûnderwilens bart der fan alles achter de ferskate flapkes op de bledsiden.

As dy flapkes iepengeane, ferskine der jonge bisten en hearst ek noch echte bistelûden! Oft dy pykjes harren heit en mem wer fine, dat kinne jim sels yn it boek lêze!

It moaie oan dit boek is dat de plaatsjes fan ûnder oaren de bisten echte foto’s binne, sa binne de bisten hiel echt en werkenber foar bern.

Dat is yn it koart watst fan dit boek ferwachtsje kinst: echte bistelûden, flapkes, jonge bisten mei de heit/mem en dêrneist noch alderhande oare dingen dy’tst tsjinkomme kinst op de buorkerij, bygelyks trekkers, hinnehok, blommen, ierappels, learzens en noch folle mear!

It moaie oan dit boek is dat de plaatsjes fan ûnder oaren de bisten echte foto’s binne, sa binne de bisten hiel echt en werkenber foar bern. Der binne in soad flapkes en dat makket bern hiel nijsgjirrich. De grutte fan de tekst ferspringt wat, dat makket it boartlik, en neist in soad moaie kleuren en wurden wurdt der ek noch oant fiif teld yn dit boek. De sinnen binne ek noch op rym, wat hiel leuk foarlêst oan jonge bern.

It boek hat ‘mar’ 10 bledsiden, dat hiene miskien mear wêze kind, it is gau út. Tagelyk stiet der foar jonge bern sa ek genôch tekst op de siden, want by alle foarwerpen steane de wurden ek útskreaun, sadat bern dy wurden ek leare kinne, lykas: amers, blommejitters, blompotten, en by de trekker de útlaat, koplampe en grouwe trekkerbannen.

Us Mare (2) en Fenna (6 moanne) fine it boek prachtich kwa kleuren, bisten en wurden, en benammen de lûden fine se fantastysk! Dy lûden wolle se de hiele dei troch wol hearre, gelokkich sit der ek in lyts lipke by om de lûden wer út te dwaan 😉

Sieta de Vries

 

It aldermoaiste bisteboek is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Sieta is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!