heit&mem

De resinsje fan Jinke: “Kening en Kening”

x 25 april 2022

Diskear mocht ik in berneboek lêze foar it boekpanel. Mei myn dochters Rikst fan 8 jier en Fardau fan 6 jier neist my bin ik entûsjast begûn te lêzen. Fardau sit yn groep 3 en kin krekt in bytsje lêze, mar dat wie noch wol wat lestich. Dêrom hat mem it boek foarlêzen.

Foaral de ‘kroanpoes’ dy’t hast op elke side foarkomt, falt goed yn de smaak. Op elke side moatte we de poes sykje en sjen wat er docht. Want it ferhaal giet net oer de poes, mar op de achtergrûn hellet er fan alles út. It wie mem earst net iens opfallen, mar de bern sjogge der mei in hiel oar each nei. Dy seagen it fuort!

In moai mearke mei in goed boadskip en moaie yllustraasjes!

As wy op de side oankomme dêr’t de kroanprins syn prins moetet, binne de froulju derfan oertsjûge dat er fereale is op de prinses, it suske fan Prins Hearlik. As wy de side omslaan en bliken docht dat er fereale is op de prins, binne se even yn ’e war. Hy socht toch om in prinses? Mar dan moatte se laitsje en Fardau wit wol wat er is: ‘De prins is homo!’ It makket foar de bern gjin ferskil, se binne alwer op syk nei de poes!

Ik tocht sels even: wat leuk, in boek dat dêr oandacht oan jout. Mar dan sjoch ik dat it boek al 20 jier âld is. Ik tink dat dit in wichtich boek is dat helpe kin by de akseptaasje fan homo’s. Ek foar basisskoallen is it nei myn miening in musthave! No’t der nei 20 jier in nije druk is, ha skoallen dy kâns wer! 

Ik soe sizze, gryp dit boek mei beide hannen oan! In moai mearke mei in goed boadskip en moaie yllustraasjes! Ik soe sizze, drave nei de boekhannel foar in eksimplaar, foardat se útferkocht binne!

Jinke Stoker út Gytsjerk

 

It boek ‘Kening en Kening’ is foar € 12,50 hjir online te bestellen.

-> Jinke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!