heit&mem

De resinsje fan Jinke: “Tsjûgen fan de macht”

De resinsje fan Jinke: “Tsjûgen fan de macht”

x 10 april 2020

By it útsykjen fan in boek sjoch ik faak earst nei de titel en it omslach. It omslach fan dit boek eaget beskieden. De titel seit noch neat oer de ynhâld. De tekst op de achterkant jout oan dat it boek oer de oarloch giet. De Twadde Wrâldkriich is in ynteressant ûnderwerp, dus ik begjin nijsgjirrich te lêzen.

De ynlieding fan it boek is hiel apart en lestich te begripen. Dat komt mei troch de somtiden lange sinnen mei in soad komma’s deryn. 

It boek bestiet út in soad koarte ferhalen, guon oer de oarloch, mar ek guon oer it libben nei de oarloch. Yn de ferhalen stiet sintraal dat ek nei de oarloch net elk yn frijheid libbet en der noch altyd machtsmisbrûk is. De ferhalen binne soms lestich te lêzen, trochdat der in soad ferskillende nammen yn foarkomme en je elke kear wer yn in nij ferhaal komme moatte. Yn it ferhaal komme slagget dêrby net altyd, omdat guon ferhalen koart en yngewikkeld binne.

It boek bestiet út in soad koarte ferhalen, guon oer de oarloch, mar ek guon oer it libben nei de oarloch.

Ik fûn it in dreech boek om te lêzen. Doe’t ik it boek út hie, miste ik ek wat. Ik miste in klû. Ik kin wol sizze dat ik it lestich fyn om de bedoeling fan it boek út al dy koarte ferhalen te heljen. Ik hie nei it lêzen fan de achterflap ferwachte dat it mear oer de Twadde Wrâldkriich gean soe. Al mei al soe ik sizze: lês it sels en foarmje jo eigen miening!

Jinke Stoker

It boek ‘De tsjûgen fan de macht’ is foar € 16,50 hjir online te bestellen.

-> Jinke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!