heit&mem

De resinsje fan Tietsje: “Ntrije55”

x 9 maart 2020

Ntrije55 – Elske Kampen

It moaie fan in gedicht is dat it, krekt as muzyk, hiel persoanlik is. Elk fynt syn/har eigen wierheid yn de wurden dy’t sa foarsichtich útsocht binne. Dêrom is der mar ien mooglikheid om derachter te kommen wat jo fan dizze bundel fine: keapje him en lês!

Elske Kampen skriuwt net allinnich gedichten, mar ek lietteksten en koarte ferhalen. Yn 2010 kaam har debútbundel “Fan glês it brekken” út. Foaral foar har dichtkeunst hat Elske Kampen al ferskate prizen en nominaasjes krigen.

Foar har nijste bundel Ntrije55 hat Elske Kampen har ynspiraasje socht lâns de N355. Har tochten lâns dy dyk brochten har nijsgjirrige fynsten. De ‘deade’ objekten dy’t se fûn, wurde yn de bundel tentoansteld en op de side dêrneist mei wurden ta libben brocht.

Ik haw oant no ta de gedichten al inkele kearen lêzen en fyn dêr hieltyd wer in djippere laach yn. Mei de earste kear lêzen fal ik foar har moaie wize fan rimen en de prachtige Fryske wurden dy’t se brûkt. De gedichten lêze maklik en bringe de ôfbyldingen op de oare side werklik ta libben.

Ik haw oant no ta de gedichten al inkele kearen lêzen en fyn dêr hieltyd wer in djippere laach yn.

It moaie fyn ik dan ek dat je de gedichten puer lêze kinne as de wurden yn in boek, mar dat der ek mear lagen yn sitte foar wa’t dêrfoar iepenstiet. Sykjend nei nije paden en tusken de rigels troch lêzend is it noch lang net út. Ik bin sels noch altyd nijsgjirrich nei wat ik de folgjende kear fyn yn Elske har moaie wurden.

Foar my fielt Ntrije55 ek as in tocht, wêrby’t je by elke stap dy’t je sette mear sjogge, hearre en fiele fan alles om je hinne. Ik bin noch net klear mei dy tocht en wit seker dat ik noch faak yn de bundel lêze sil.

Tietsje Vijverda út Oentsjerk

 

It boek ‘Ntrije55’ is foar € 17,50 hjir online te bestellen.

-> Tietsje Vijverda is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!