heit&mem

De boekresinsje fan Reina: ‘Ntrije55’

Dieuwke van der Meer 5 februari 2020

Myn nijsgjirrigens nei dizze dichtbondel waard wekker roppen doe’t ik lies hoe’t er ta stân kaam is. De bondel is skreaun nei oanlieding fan materiaal, fûn oan ’e westkant fan de N355 by Hurdegaryp. Elske hat dy fynsten, lytse stikjes yndustrieel ôffal, nij libben ynblaasd, troch se moaie wurden yn de foarm fan gedichten mei te jaan.

De bondel nûget om te lêzen troch de moaie kombinaasje fan wurd en byld. De fotografy, troch Linus Harms, fan de mei soarch ferwurke fynsten slút prachtich oan by de sfear fan de bondel. Sels de kar fan it soarte papier helpt mei by it belibjen fan de gedichten. Sêfte letters yn kombinaasje mei sterke wurden en bylden op moai papier. 

It is tige ynteressant om dy te ferpleatsen yn hoe’t Elske Kampen yn de fynsten dûkt is en wurden fûn hat dy’t rjocht dogge oan it materiaal en harren eardere funksje. Der sit in moaie opbou yn it boek, in natuerlik ritme wêrtroch’t it noflik lêst. Sa is der in spesjaal plak foar de earste fynst, dy’t hieltyd weromkomt. De bondel lient him der ek foar om samar in side te kiezen, it bybehearrende byld te besjen en it gedicht te lêzen, of allinnich de fynsten te besjen, of sels in betsjutting te jaan oan de fynsten fan Elske − it kin allegearre. Krekt wat dy oansprekt. 

 

It is in dichtbondel dy’t nijsgjirrich makket en ferwûndering opropt foar de lytse dingen dy’t men faak oer de kop sjocht mar dy’t dochs bysûnder binne.

Doe’t ik de bondel yn hannen krige en begûn te lêzen, tocht ik: dit boek moat ûnderweis, reizgje. Oan ’e ein fan in wike yn myn rêchpûde sjocht it boek der út sa’t dizze bondel der neffens my út sjen moat. Brûkt, lêzen, mei omtearde hoekjes en blutskes. Krekt as sommige fynsten fan Elske. It is in dichtbondel dy’t nijsgjirrich makket en ferwûndering opropt foar de lytse dingen dy’t men faak oer de kop sjocht mar dy’t dochs bysûnder binne. ‘Gewoan’ materiaal dat syn funksje ferlear, mar troch de gedichten dy’t Elske derby skreau syn bysûnderens weromkrigen hat. In bondel om faak noch wer ris út ’e kast te krijen en dy opnij oer te ferwûnderjen!

 

 

Reina Kroodsma út Nij Beets

 

It boek ‘Ntrije55’ is foar € 17,50 hjir online te bestellen.

-> Reina Kroodsma is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.