heit&mem

De Fryske oersetting fan ‘Moppereend’ (prottelein)

Dieuwke van der Meer 15 januari 2020

Fan 22 jannewaris o/m 1 febrewaris binne it wer de ‘Nationale Voorleesdagen’. Foarlêzen stimulearret de (taal)ûntwikkeling fan bern en prikkelet de fantasy. En it is ek noch ris hiel goed foar de bân mei de bern! Foarlêze kin fansels yn alle talen.

It printeboek fan it jier 2020 is ‘Moppereend’ fan Petr Horáček . Dit printeboek is net yn it Frysk ferskynd, mar der is wol in Fryske oersetting fan it printeboek mei allerhande suggestjes foar aktiviteiten by it foarlêzen. Sa kinst dit prachtige printeboek ek yn it Frysk foarlêze!

Klik hjir om de Fryske oersetting ‘Moppereend’ te downloaden.

De wolk boppe de holle fan Ein wurdt hieltyd grutter. Earst is it in lyts wolkje. It past wol yn ien hân. Doch mei de bern krekt as hawwe jim it wolkje yn ’e hân. It wolkje wurdt hieltyd in bytsje grutter. It past dan earst noch yn it komke fan twa hannen. Mar it groeit fierder en fierder. Kinne de bern de wolk noch yn harren earms hâlde? Hieltyd grutter en grutter wurdt de wolk. Jim moatte de earms hieltyd fierder spriede. Gean der ek by op ’e teannen stean. Wat in grut- te wolk! Hy is net mear te hâlden! En dan: barst de wolk! It begjint te reinen. Wat in grutte wolk wie dat!

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.