heit&mem

De resinsje fan Baukje: Tomke-app

Dieuwke van der Meer 9 december 2019

De gerdinen fan ’e poppekast geane iepen. “Hoi, ik bin Yana Yu, hawwe jimme Tomke ek sjoen?”
De bern dy’t der omhinne sitte roppe: “Nee!”
“Tomke, wêr bisto?”
“Ho wachtsje efkes hear.”
It poppekastspul wurdt efkes stillein.
“Juf? Meie we de iPad brûke yn de Boartersrûmte?”
“Wat sille jimme mei de iPad yn de Boartersrûmte?”
“We meitsje in Tomke-foarstelling en dêr moatte wy ek ferskes by sjonge.”  
“Jawis mei dat wol,” laket juf, “dan kom ik aansten ek by de foarstelling te sjen hear.”
It stik giet wer fierder. De rollen wurde ferdield oer de bern dy’t graach meidwaan wolle.
“Do bist Tomke, dan bin ik Kornelia.”

Sa giet it alle dagen yn groep 1,2,3 fan basisskoalle Ichthus yn Gytsjerk. De bern brûke de Tomke-app graach by it útspyljen fan harren selsbetochte poppekastfoarstelling. Benammen de Tomke-ferskes wurde by de poppekast ynsetten en wurde dan in protte meisong. Dêrnjonken besjogge hja de filmkes, sadat hja dy neispylje kinne. Mar it moaiste fine se dochs om de ferhalen fan juf nei te spyljen, mei de ferskes derby op de iPad.

It binne tagonklike ferhalen, mei lytse aventoeren dy’t de bern sels ek belibje kinne.

Ek yn de wurkrûmte wurdt de iPad in soad brûkt foar de Tomke-app. De spultsjes binne favoryt, benammen de memory, sadat se meielkoar op de iPad boartsje kinne. Mar der binne ek bern dy’t de koptillefoan derby pakke en just efkes in rêstich hoekje opsykje. Sa kinne hja efkes ûntkomme oan ’e deistige drokte en noflik fuortdreame yn ’e fertelling fan ’e Tomke-ferhalen.

It leuke is dat op ’e Fryske middei faak ek wer in ferhaal en in ferske fan Tomke oan bod komme. Sa wurdt de Fryske wurdskat ferskate kearen herhelle op meardere manieren. Bern werkenne de ferhalen, meie dat graach neiboartsje en der sels dingen by betinke. It binne tagonklike ferhalen, mei lytse aventoeren dy’t de bern sels ek belibje kinne. Dat jout faak in soad diskusjemateriaal yn ’e kring.

Mar net allinnich yn ’e klasse binne de bern fan fan ’e Tomke-app! Ek by my thús mei myn dochter Benthe (3) graach efkes op ’e iPad boartsje mei de Tomke-app. Dan hearre we wer lûd fanút ’e wenkeamer: “Witsto wat in pake kin”, ien fan ’e favorite ferskes fan Benthe. En ast har net hearst, dan is se konsintrearre dwaande op ’e app mei it ynkleurjen fan ’e Tomke-platen. Mar ek bûten as we de dyk oerstekke sille, dan wurdt der song: “Oer de dyk, oer de dyk, nei de oare kant. Sjoch nei links, sjoch nei rjochts.” Edukative ferskes, mar ek in stikje ûntspanning belibje wy hjir thús mei de Tomke-app.

Ik haw dizze app op ’e iPad setten omdat ik it wichtich fyn dat myn beide famkes it Frysk ek goed meikrije. Us opfieding is bewust en konsekwint twatalich, omdat dêr in protte foardielen oan sitte, lykas it makliker oerskeakeljen yn it brein. Dochs is in protte om ús hinne yn ’e Nederlânske taal. As je de tillefyzje as de radio oansette, is it measte yn it Nederlânsk. Dêr is fansels neat mis mei, mar ik soargje der wol foar dat se ek genôch yn it Frysk meikrije.

Baukje de Vries-Vaatstra

Mem fan Benthe (3) en Elise (1). Learkrêft groep 1,2,3 basisskoalle Ichthus, Gytsjerk

 

De Tomke-app is hjir fergees del te laden! 

-> Baukje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!