heit&mem

De boekresinsje fan Thea: ‘Hasto Oaljefant sjoen?’

x 5 december 2019

Wat een leuke ferrassing yn de bus! Us âldste dochter koe net wachtsje om it út te pakken. We hienen it boek al ris lêzen yn de biblioteek, mar dat wie yn it Nederlânsk. Yn it Frysk komt it boek, wat my oangiet, ek goed ta syn rjocht. En it makket de bern dúdlik wat de wurden yn it Frysk binne.

It boek is prachtich moai yllustrearre, mei dúdlike tekeningen. De grutte tekeningen binne kleurryk en ast it boek in pear kear lêzen hast, dan falle der hieltyd nije details op.

It boek giet oer in jonkje, syn hûntsje en een grutte oaljefant. De oaljefant wol graach ferstopperke boartsje en it jonkje docht graach mei! De oaljefant warskôget foarôf dat er wol hiel goed is yn ferstopperke boartsjen. De oaljefant stiet troch syn omfang alle kearen wol foar in útdaging om him te ferstopjen, mar it slagget hiel goed!

It hûntsje sjocht him wol, mar it slagget him net om syn baaske te fertellen wêr’t de oaljefant ferstoppe sit. Achter in keal beamke of ûnder de tekkens fan it bêd.

It ferhaal wurdt ôfsluten mei in ferrassende ‘twist’. Leuk, en ek noch fol humor!

Op in bepaald momint is it jonkje suver wat oerstjoer, omdat de oaljefant noch net fûn is. Gelokkich wit de oaljefant him dan te finen en binne se beide wer bliid.

It ferhaal wurdt ôfsluten mei in ferrassende ‘twist’. Leuk, en ek noch fol humor!

Al mei al in moai boek: om sels te lêzen, om foar te lêzen, of om gewoan lekker nei de tekeningen te sjen. Us âldste dochter sjocht, en docht, al echt mei mei it tellen en sykjen. De jongste fynt foaral de tekeningen hiel moai en herkenber.

Dêrneist is it ek hiel geskikt om kado te jaan, oan bern fanôf in jier as trije. Dan krije se it ferhaal goed mei en faaks binne se al bekend mei ferstopperke boartsjen.

Troch Thea Bootsma út Drachten

 

It boek ‘Hasto oaljefant sjoen?’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Thea is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!