heit&mem

Fragen oer Martsje: De oersetter fan ‘Karlsson fan it dak’

Fragen oer Martsje: De oersetter fan ‘Karlsson fan it dak’

Martsje de Jong hat út it Sweedsk wei it boek Lillebror och Karlsson på taket oersetten nei it Frysk: Karlsson fan it dak. Lykas de haadfigueren Pipi Langkous, Emiel en de Bruorren Liuwehert, blaasde de skriuwster Astrid Lindgren, Karlsson it libben yn. Tryater makke dêr in famyljefoarstelling by, dy’t fan 15 oant 30 desimber yn teater De Harmonie yn Ljouwert te sjen is.

Ciska Noordmans 25 november 2019

 Fragen oan Martsje

Earder al is it boek yn it Nederlânsk ferskynd. It komt no opnij foar ’t ljocht mei de foarstelling fan Tryater. Wat fynst derfan dat it boek no ek yn it Frysk útkomt?

Karlsson is foar myn generaasje in bekende ferskining. Ein jierren santich wie er op telefyzje en ik leau sekuer dat in soad âldere heiten en memmen har it ferske noch wol yn it sin bringe kinne. Dat ik fan dizze Karlsson it earste boek (der binne noch twa) oersette mocht nei it Frysk fûn ik dus prachtich. Karlsson is, lykas de oare haadpersoanen fan Astrid LIndgren, wat in anargistysk figuer. Hy docht de dingen op syn eigen wize en is dêr hielendal tefreden mei. Karlsson is grappich, eigenwiis, brutaal en fynt himsels de bêste fan de hiele wrâld. Yn alles. Hoewol’t it eins net kin, in mantsje mei in propeller op syn rêch, dy’t yn in lyts hûske achter de skoarstien wennet, skriuwt Astrid Lindgren sa dat it wól kinne soe. Hearlik. Karlsson is yn mear as njoggentich talen oerset, oant yn Ruslân en Syrië ta. Ek dêr is der in teaterfoarstelling fan makke, moai no? Dat sa’n boek yn in lytse taal as it Frysk ferskynt, is fansels in boppeslach, mar eins jildt dat foar alle toppers út de berneliteratuer. Wêr op ’e wrâld ek, bern ha it rjocht om de moaiste boeken yn harren memmetaal lêze te kinnen, hoe lyts dy taal ek is. Dat is net allinnich goed foar de taal, mar ek foar de bern sels. Yn in boek kinst dy ferlieze, yn dyn eigen taal lêze of foarlêzen wurde, komt noch tichter by. Dêr wol ik my hurd foar meitsje, dat is my in eare.

Hast de Nederlânsktalige ferzje én de Sweedse ferzje lêzen (ek noch yn oare talen?). Kinst ek oanjaan oft der ferskillen binne?

Ik ha it boek yn beide talen lêzen, earst de Nederlânske, want dy ha ik de bern foarlêzen doe’t se lyts wiene. Doe de Sweedske, want ik wol allinnich út de boarnetaal wei oersette. Om’t ik it Sweedsk net hiel faak hoech te brûken en ek net as sadanich leard ha, ken ik de basis wol mar de taaleigen útdrukkings eins net. Yn sa’n gefal seach ik wolris nei de Nederlânske oersetting, mar dy taal ferskilt mear fan it Sweedsk as it Frysk. De lûden, de ‘smaak’ fan de wurden, it Sweedsk en Frysk binne sa sjongsum, dat leit noflik tsjininoar oan, sis mar.

Ferskilt neffens dy, humor ek per lân, of per taal? Of is humor foar bern universeel?

Humor foar bern is neffens my universeel, dat feroaret pas as bern âlder wurde. Bern binne hiel echt en Astrid Lindgren lit yn al har boeken masterliks sjen hoe’t bern tinke en hannelje. Kinst dy sa goed yn de personaazjes ynlibje. Sjochst by har ek dat bern hiel faak de folwoeksenen in spegel foarhâlde. Grutte minsken tinke yn hokjes en hoe âlder as bern wurde, hoe mear sy dat tinken oernimme. It is hiel grappich hoe’t bern de dingen dy’t grutte minsken sizze letterlik nimme en dêrneffens hannelje. Erik mei him net yn de keamer sjen litte as syn grutte sus dêr sit mei har nije freon. Dus krûpt er mei Karlsson ûnder in tekken en giet sa de keamer yn. Hy lit him dus ek echt net sjen, mar docht lekker al wat sy beslist net woe.

Hoe komt it datsto it Sweedsk sa goed behearskest?

Ik ha eartiids foar in ynternasjonaal hydrografysk tydskrift wurke en Skandinavië hat in hiel soad bedriuwen dy’t har dwaande hâlde binnen de hydrografyske sektor. Dy’t oseaan, wetter en kust yn kaart bringe bygelyks. It wie wol handich as ik dy talen wat benei komme koe, om’t der op de Ingelske ferzje fan harren websiden faak lang safolle nijs net stie, as op de orizjinele. Yn dyselde tiid wiene der in soad Skandinavyske fuotballers by SC Hearrenfean en ik mocht graach folgje wat dêr yn harren eigen lân oer skreaun waard. Sadwaande ha ik my de taal wat eigen makke troch it ‘gewoan’ te dwaan. En op fakânsje komt it fansels altyd goed fan pas dat ik my rêde kin. Sweden fine it moai as je de muoite nimme harren taal te sprekken en se helpe je graach as it efkes net slagget.

En bisto ek belutsen by de Tryater-ferzje?

No, net yn dy sin. Teaterteksten skriuwe is in fak, dat kinne jo net samar efkes. In boek sa bewurkje dat it in moai, nijsgjirrich en hânsum programma wurdt foar bern, dat is dus echt hiel wat oars as in boek oersette. Ik ha yn safier wol kontakt mei Tryater dat wy gjin ferskil ha yn nammen. Sy hiene de Nederlânske nammen (Erik Eriksson bygelyks) brûkt en dy ha ik dêrom ek oernommen. Oarsom ha ik bygelyks de broer fan Erik Benny neamd en net Bernard, lykas yn it Nederlânsk. Dêr ha wy dan kontakt oer. It komt fansels prachtich út, it boek en de teaterfoarstelling tagelyk yn it Frysk. Ik kin hast net wachtsje om Karlsson yn it echt te sjen en ik hoopje dat de seal alle kearen stiif útferkocht is, want it wurdt grif geweldich.

 

It boek ‘Karlsson fan it dak’ is foar € 13,50 hjir te bestellen.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.