heit&mem

De resinsje fan Pieter: ‘Cd Wiebe – Y’

x 14 november 2019

“Ik soe dy it leafst yn in doaske dwaan”

Y is de helte fan wy, wy binne útelkoar, dus bliuwt Y oer. It fuortgean fan syn leafste hat Wiebe sear dien, hat him pine jûn. De pine, it leafdesfertriet, hat bydroegen oan moaie lieten.

Wiebe hat op souder allegearre doazen, doazen mei û.o. foto’s, dus doazen fol leafde. Dat sil de basis west ha om ek dizze cd “Y” yn in doaske te leverjen. Yn dat doaske sit mear: in boekje mei de teksten (mei ek in fertaling, sawol nei it Frysk as nei it Ingelsk), in boekje mei de muzyknotaasje, en in notysjeboekje wêryn’t Wiebe ús meinimt yn syn tinken en yn it proses fan it skriuwen, it skriuwen fan de teksten en de earste oansetten ta meldij. Fansels sit ek de cd yn it doaske. En, opfallend, in swarte slúf, mei dêryn in skreaune brief, rjochte oan syn leafste, neidat sy Wiebe ferlitten hat.

It makket it gehiel kompleet, it heart byelkoar. Wiebe is sa iepen as er mar kin, is transparant yn alles wat yn dit doaske sit.

Alle nûmers binne goed, krêftich, mei goeie dynamyk.

“Dit album wie twa jier lang foar mysels, mar is no hielendal foar jimme”, sa skriuwt Wiebe yn syn eigen foarwurd.

En dat is moai, dat is tige moai, om’t Wiebe ús dielgenoat makket fan syn prachtige teksten. Teksten dy’t yn moaie meldijen foarm krigen. It totaal makket it ta in ûnfoech en ûnfrysk goeie cd. Wiebe soarge foar de teksten, mar alle trije bandleden ha der de muzyk ûnder setten. De bandgenoaten fan Wiebe Kaspers binne Florian den Hollander op de bas en Daan Slagter op de drums. Sy binne, krekt as Wiebe sels, rasmuzikanten. Trije sterke muzikanten, dy’t op it nûmer “Swart op wyt” (it ienichste Frysktalige nûmer fan dizze cd) help krije fan Regina Forte, en op it nûmer “No-man’s-land” fan it Frysk Jeugd Orkest.

“Swart op wyt” hat grif saneamde hitpotinsje, seker op ús eigen Fryske omrop.

Mar alle nûmers binne goed, krêftich, mei goeie dynamyk. Dynamyk dêr’t bewust foar keazen is, dat fielt de harker. Wiebe hat dan ek in moaie sjongstim, dy’t de dynamyk draacht. Dat, yn kombinaasje mei syn moaie pianospul en it sterke lûd fan de drums en de bas, makket dat it leafdesfertriet oerkomt.

En mochten jo tinke, it sil my wat, al dat neigetink oer de leafde en wat dat mei josels docht, sûnder dêroan te tinken binne jo seker net bekocht mei dizze cd. Dêr binne alle lieten te sterk foar.

De leafde, it ferlitten, de pine, de moaie lieten, Wiebe sil tocht ha: ik soe dy it leafst yn in doaske dwaan.

 

Pieter Zuidema út Dokkum

De cd ‘Y’ is foar € 20,00 hjir online te bestellen.

 

-> Pieter is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.