heit&mem

Komst ek nei it heit&memfeest?

Om’t heit&mem dit jier 10 jier bestiet is it heech tiid foar in feestje! In feest mei nijsgjirrige workshops en de leukste stands! In hearlik uitje foar heit&mem! Wolsto der graach by wêze? Meld dy dan ûnder oan dizze side oan.

x 16 oktober 2019

Wannear? 
Sneon 9 novimber

Hoelet?
Fan 14:00 oant 17:00 oere

Wêr?
Yn De Fabriek yn Wergea. (Fricoweg 31, 9005 PC Wergea)

Kosten?
De yntree is € 3,50 en kin by de yngong betelle wurde. (der kin ek pind wurde) De workshops binne fergees. Foar dat jild krigest 2 x koffie/tee + gebak, in heit&memtas-goodybag, in heit&memkado-edysje én meist fergees dielnimme oan de workshops.

Is it ek foar bern?
Nee, it is echt in hearlik uitje foar heit&mem sels.

Wat binne der foar workshops?
Der wurdt in workshop ‘Kindertekeningen analyseren’, ‘Yn balâns mei blommen en krûden’, ‘Wille mei printeboeken’ en in workshop ‘Complimenten en regels’ jûn. Utgebreide ynformaasje oer de workshops fynst hjirûnder. Ast dy oanmeldst foar it feest, meist dy gelyk ek oanmelde foar de workshops dêr’st hinne wolst. Der is in beheind oantal plak, dus wês der gau by!

Wat foar stands binne der?
Der binne fansels Fryske boeken te keap, mar ek boartersguod, hippe berneklean, prachtige sieraden ensf. Sjoch hjir foar in kompleet oersjoch.

 

PROGRAMMA HEIT&MEMFEEST

13:30 Ynrin mei in kopke kofje en tee en in lekker stikje eigen makke gebak

14:00 Wolkomstwurd en presintaasje Grutte Foarlêsboek!

It feest start mei de presintaasje fan in prachtich nij foarlêsboek. In boek mei mear as sechtich moaie ferhaaltsjes, gedichtsjes en ferskes oer fan alles en noch wat: kabouters, bisten, letters, fiters, Tomke en noch folle mear…

En wa wit krijsto ek it boek mei nei hûs, want om 14:15 wurde der trije boeken ûnder de besikers ferlotte! Dêr wolst by wêze!

 

14:45 Workshops ronde 1, twa opsjes:

 

Kindertekeningen analyseren

Jonge kinderen ontwikkelen zich vooral door te spelen. Een belangrijk onderdeel van dit spel is tekenen. Jonge schoolkinderen kunnen zich nog zo heerlijk ongegeneerd en spontaan uiten op papier. Het is  een vrije expressie waar je als heit of mem veel informatie uit kunt halen wat betreft het welbevinden en de ontwikkeling van het kind.

In deze workshop leer je deze ontwikkelingsfasen te herkennen en daarop aan te sluiten met creatieve teken- en spelopdrachten om zo de kinderen tekenderwijs, met veel plezier en vol vertrouwen in de volgende fase te laten komen. Jij als heit/mem gaat anders kijken naar de tekeningen van de kind. Je kijkt voorbij mooi en lelijk naar de ontwikkelingsbehoefte en weet daar nu prima bij aan te sluiten.

 

 

Yn balâns mei blommen en krûden

Fielsto dy ek wolris wat út balâns nei in drokke dei?
Ellen de Vries fan Zen Vitaal fertelt hoe’sto pineholle te liif gean kinst, wat helpt foar ‘spijsverteringsproblemen’ of hoe’sto dyn wjerstân ferheegje kinst.

Sy brûkt krûden as reade klaver, brânnettels, heermoes, roazebottels en lavindel.
Dyn medisynkastke groeit en bloeit by dy oan ’e sleatskant.
Nijsgjirrich? Jou dy op foar de workshop ‘yn balâns mei blommen en krûden’.

 

15:30 Workshops ronde 2, twa opsjes:

 

Wille mei printeboeken

Berneboekeskriuwer Lida Dykstra lêst ynteraktyf foar en fertelt oer guon fan har printeboeken (dy’t faak yn twa talen útkommen binne) en beantwurdet dyn fragen. Se fertelt oer har leafde foar Fryske taal, wêrom’t sy graach moaie Fryske wurden yn har boeken brûkt en hoe’st dyn bern (en dysels) nóch mear plezier belibje litte kinne mei it foarlêzen fan printeboeken.

 

 

Complimenten en regels

Omgaan met regels en grenzen: het is één van de onderwerpen waar ouders vaak vragen over hebben. Dat is ook niet gek, want het is vaak niet eenvoudig om te zorgen voor duidelijke afspraken en om consequent te blijven. Deze bijeenkomst gaat over hoe ouders regels en grenzen maken die bij hun gezin passen en over hoe ze hun kinderen leren hiermee omgaan. In deze workshop worden praktische tips gegeven door een pedagoog van het Opvoedpunt! En er is ook veel ruimte om ideeën en ervaringen uit te wisselen.

 

16:15 Opsje workshops

Wannear’t der in protte oanmeldings binne foar de workshops, wurde om 16:15 noch ien of twa workshops hâlden. Elkenien kriget noch in mailtsje mei de tiid fan hoelet elk yndield is.

17:00 Sluting

Elkenien kriget fergees in goodybag mei nei hûs mei û.o. in hiele leuke ferrassing!

 

Alle workshops yn ronde 1 & 2 sitte yntusken fol!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.