heit&mem

Wat bisto moai ast lilk bist

In gûlend bern dat op ’e grûn yn ’e supermerk foar it rek mei snobbersguod leit te spinfuotsjen fan lilkens. Dat wolle je as heit of mem leafst net meimeitsje. Dochs is lilk wêzen hiel goed. ‘It is in oerynstinkt dat wy absolút net tsjinhâlde moatte’, fynt bernecoach Tea Adema. ‘Echt goed lilk wêze is eins hiel moai.’

Nynke van der Zee 7 augustus 2019

Stampfuotsje, skelle, skoppe of slaan; it binne allegear uteringen fan lilk wêzen. ‘Net elk bern is op deselde wize lilk’, wit Tea Adema. ‘Hoe’tst lilk bist hat te krijen mei hoe’tst dat fan dyn heit of mem leard hast. Hjoed-de-dei is lilk wêzen in taboe wurden; it past net yn ús perfekte plaatsje. Wylst lilk wêze just sa wichtich is. Dêrmei jout in bern in grins oan. Oant hjir en net fierder. Mar omdat bern tsjintwurdich net mear lilk wêze meie, sjochst dat der problemen ûntsteane.’

It grutste probleem

Driftbuien, jengelje en seure; problemen mei it uterjen fan lilk wêzen steane boppe-oan it listje fan fragen wêrmei’t heiten en memmen by Tea oanklopje. ‘Wat ik faak sjoch is dat heiten en memmen sels ek net leard hawwe wat se mei harren lilke gefoelens oanmoatte. En dus kinne se it harren bern ek net leare. Dan krijst problemen. Bern kropje it lilke gefoel op, oant it der útkomt as by in fulkaan dy’t útbarst’, fertelt Tea. ‘Mar sjochst ek dat bern lilkens ynsette as in soarte fan sjantaazjemiddel, troch te roppen en te razen, te skoppen of te slaan.’

Dêrom jout Tea heiten en memmen as belangrykste tip mei om lilkens ta te litten by in bern. ‘Se hoege fansels gjin dingen kapot te meitsjen, mar in kear echt goed lilk wêze moat sa no en dan kinne. Lilk wêze is in oergefoel; in hiel krêftige emoasje’, leit Tea út. ‘As wy hiel lilk wurde, kinne wy net mear neitinke en skeakelje wy oer op ús emosjonele brein, it saneamde “reptilebrein”. De keunst is om dy emoasje te uterjen sûnder datsto dingen dochst dêr’tst letter spyt fan krijst.’

Slaan en skoppe

Jonge bern uterje harren lilkens noch mei harren liif: troch te slaan, te skoppen of te skellen. ‘Lear dyn bern wurden wêrmei’t se uterje kinne dat se lilk binne’, jout Tea as advys. ‘It giet der úteinlik om dat se leare hoe’t se omgean moatte mei frustraasjes. Ast dat as bern al goed kinst, hast dêr dyn hiele libben profyt fan.’

Want lilk wêze is net allinnich in faak foarkommend probleem by bern; ek by folwoeksenen sjocht Tea dat der hieltyd mear minsken binne dy’t it dreech fine om harren lilkens te uterjen. ‘Se krije dan de tip om op boksen te gean en ris goed tsjin sa’n boksbal te stompen. Mar dat lost it probleem net op’, seit se mei klam. ‘Dat helpt dy wol om tichter by dat lilke gefoel te kommen, mar dêrnei moatst der noch mei oan ’e slach om it in plakje te jaan. Slaan en skoppe is nea de oplossing.’

De oplossing

Efkes werom nei it lilke bern op ’e grûn foar it rek mei snobbersguod yn de supermerk. Wat dochst dêr as heit of mem no oan? ‘Yn elk gefal noait tajaan’, warskôget Tea. ‘Gean foar it snobbersguod stean en beneam datsto it sels ek skande fynst dat jim gjin suertsjes keapje kinne. Jou earlik ta dat sa’n salmiakknots dy ek wol lekker taliket. Mar fertel ek dat dat no ienris net kin, omdat jim aanst ite sille. Wês dúdlik en nim de lieding. Nim it bern by de hân en kuierje tegearre nei de kassa. Sa joust dyn bern de romte om lilk te wêzen, mar litst tagelyk sjen dat lilk wêze gjin oplossing is.’

Oer snobbersguod sprutsen: Tea hat noch ien wichtige tip. ‘Jou dyn bern sa krekt foar iterstiid in sûn ‘tussendoortje’. Om dy tiid krije se honger, mar it iten stiet noch net op tafel. Harren enerzjypeil sakket, wêrtroch’t se hingerich en eamelich wurde. Efkes in appeltsje of in pakje rezyntsjes docht wûnders.’

 

Wat bart der eins asto lilk bist?
Lilk wêze is in oerynstinkt. Dat betsjut dat dyn lichem automatysk de kontrôle oernimt. Dyn bloeddruk en dyn hertslach geane omheech en tagelyk makket dyn lichem adrenaline oan. Dat is in hormoan dat dy in enerzjyboost jout. Sa bisto klear om yn ’e oanfal te gean, as dat nedich is.

 

Tips om mei lilkens om te gean

·       Jou dyn bern de romte om lilk te wêzen.

·       Lear dyn bern wurden om dat lilke gefoel te omskriuwen.

·       Beneam datsto as heit of mem snapst dat dyn bern lilk is.

·       Jou net ta oan de wil fan dyn bern as er lilk wurdt.

·       Wês dúdlik en nim de lieding.

·       Beleanje dyn bern as er nei in lilke bui wer rêstich is.

 

Tea Adema skriuwt ek blogs oer hoe’tst as heit en mem mei lilke bern omgean kinst. Benijd nei har tips? Sjoch op www.teaadema.nl.

 

Ut: heit&mem nr. 1 2019

Boekentip: Kinderen leren omgaan met boosheid

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!