heit&mem

Fit de kreamtiid út

Ast krekt befallen bist moatst der wierskynlik noch hielendal net oan tinke om te sporten. Do hast fansels krekt in prestaasje op wrâldnivo levere. Dyn lichem hat noch nea sa field as no en miskien twifelest der sels oan oftst oait dyn normale ‘fitte’ liif wer weromkrijst. Dochs is it oan te rieden om nei de befalling wer gau yn beweging te kommen. In soad jonge memmen ûnderfine nammentlik dat it herstel nei de befalling better ferrint troch te sporten. Dêrom hjir wat tips oer wat wol en net oan te rieden is by sporten nei de befalling (okee, litte wy it ‘bewegen’ neamme).

Hieke Rienstra 25 juli 2019

1.     Start net te gau

De earste wiken neidat dyn poppe berne is, moat dyn liif herstelle. Boppedat hast dan al genôch oan ’e holle om dy drok te meitsjen oer dingen lykas sporten. De earste wike nei de befalling kinst it bêste yn en om dyn bêd bliuwe. Dêrnei kinst rêstich dyn deistige aktiviteiten opbouwe. Mei sporten moatst echt noch eefkes wachtsje.

2.     Gean lekker nei bûten!

Kuierjen kinst al ridlik gau nei de befalling wer dwaan. Besykje nei de earste wike(n) alle dagen eefkes in stikje te kuierjen yn ’e frisse bûtenloft. Dat hoecht net lang en kin moai mei de poppe yn ’e bernewein. Hielendal gesellich is it ast dat mei in freondinne of dyn partner dochst.

3.     Begjin by de basis

Ek oefeningen foar de bekkenboaiem en búkspieren kinst al frij flot nei de befalling oppakke. Echte oefeningen kinst dat eins noch net neamme, it giet der mear om datst dyn spieren bewust fielst en dêr wer rêstich de kontrôle oer nimst. Besykje dyn bekkenboaiemspieren oan te spannen yn ferskillende hâldingen: lizzend, sittend en steand. Lûk de spieren oan yn etappes, oantst net fierder kinst. Lit se dan ek yn etappes wer los, krekt as in lift. Doch dat 10 kear en nim tuskentroch rêst, de ûntspanning is like belangryk as de ynspanning.

Span dêrnei in pear kear dyn búkspieren oan troch dyn nâle yn te lûken. Dêrtroch makkest dyn búkspieren stadichoan wer wat sterker. Besykje om dy oefeningen yn te bouwen yn dyn deistige libben; kinst se bygelyks dwaan ast dyn poppe oan it fieden bist of ferskjinnest.

 

 

4.     Doch it rêstich oan

Sa’n seis wiken nei de befalling (acht wiken by in keizersneed) kinst it ‘echte’ sporten wer stadich opbouwe. Lis dêrfoar earst eefkes oer mei dyn gynekolooch of ferloskundige. 

De earste tolve wiken is it net ferstannich om sporten mei in hege yntinsiteit te dwaan, bygelyks hurdrinnen of sporten dêr’tst by springe moatst. Ast dêr te gau mei begjinst, hast mear kâns op bekkenklachten en urineferlies. Ek de kâns op blessueres is grutter, om’t dyn bannen en pezen noch in oantal moannen wat weaker bliuwe. Wês foarsichtich mei ûnferwachte en flugge bewegingen en start altyd mei in goede warming-up. Ek mei it trainen fan de rjochte búkspieren moatst oppasse, yn dyn swangerskip binne dy spieren flink útrutsen, om plak te meitsjen foar de poppe. Nei de befalling duorret it sa’n seis wiken oant de rjochte búkspieren wer oanelkoar groeid binne, mar it kin ek langer duorje. Ast twifelest, lit dat dan eefkes kontrolearje by in spesjalisearre fysioterapeut.

5.     Sporte mei oare memmen

Swimmen, rinnen, yoga of fytsen binne ideale sporten om te dwaan nei in befalling. Dêrmei is de kâns op blessueres it lytst en je kinne dat hast oeral wol dwaan. Ek binne der op hieltyd mear plakken spesjale bûtendoartrainingen foar (oansteande) memmen. Under begelieding fan in professional wurde alle spiergroepen oansprutsen, wêrby’t benammen oandacht is foar hâlding, bekkenboaiemspieren en búkspieren. Sa bist goed dwaande mei dyn liif, én kinst gesellich oer dyn berntsje kletse mei oare memmen.

6.     Soargje goed foar dysels

Mem wurde set dyn hiele libben op ’e kop. Net allinne moatsto sels lichaamlik herstelle, de poppe freget ek in soad enerzjy, de nachten binne faak ûnrêstich, do en dyn partner moatte beide wenne oan jim rol as heit en mem, en dêrneist binne der ek noch gewoan it húshâlden en alle oare praktyske saken. De measte memmen wolle neidat se in poppe krigen ha it leafst ‘gewoan’ wer alles op deselde manier dwaan as foar de befalling. Mar dat kin net. Besykje dat te akseptearjen en wês leaf foar dysels. Lústerje nei dyn liif, ferwachtsje net tefolle. Hoe better ast foar dysels soargest, hoe flotter at it herstel wêze sil en hoe mear asto genietsje kinst fan dyn poppe. Nim genôch tiid foar dysels, yt regelmjittich en sûn, gean op ’e tiid op bêd en wurkje oan in aktyf herstel fan dyn lichem. Sa bousto dyn kondysje stadichoan wol wer op!

 

Ut: Lytse heit&mem nr. 6

 

Boekentip: Mom in balance – Fit na de bevalling!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!