heit&mem

De skoaltún

Mei de hannen yn ’e modder.

‘Jonges tinke jim der wol om, Blub kin dêr ek noch lizze’, ropt Welmoed nei har klasgenoatsjes. Dy binne in pear meter fierderop in flinterstrúk oan it plantsjen. De learlingen fan basisskoalle De Stjelp yn Baard binne drok oan it wurk om harren skoaltún klear te meitsjen foar it groeiseizoen.

Arjanne Nijp 22 juli 2019

Welmoed graaft in gat foar in ierdbeiplant en Doutsen set krekt in toarnbeistrúkje yn ’e grûn. De fammen fine it leuk en gesellich om yn ’e tún te wurkjen. ‘It is wol wat jammer dat de bramen pas yn ’e simmerfakânsje ryp binne’, seit Doutsen. ‘Mar yn ’e simmer sjogge we hjir ek faak even hoefier’t se al binne.’ Fardau is mei krûden oan ’e gong. ‘Ik weet eigenlijk niet wat dit is’, bekent se, wylst se it nammekaartsje siket. ‘Maar we kunnen deze kruiden gebruiken bij het koken. Dat vind ik zo leuk aan de schooltuin. En dat we lekker naar buiten mogen.’

Dat itensieden dogge de learlingen ek yn de skoaltún, want dêr is in ‘itensiedersplak’ makke mei bankjes deromhinne. ‘Niiskrekt ha we dêr broadsjes bakt, en we ha ek al ris grientesop makke’, fertelt juf Jetske Hettinga. ‘We sette dêrom foaral ek krûden en dingen dy’t je ite kinne yn de tún. Sa leare de bern wêr’t it iten wei komt. En it is ek leuk om te dwaan.’

De skoaltún is de lêste jierren yn opkomst, wit Lemke Statema fan Natuurfaam. ‘It past yn de trend fan sûn iten. Net allinnich op skoallen, mar ek thús hawwe hieltyd mear minsken in grientetún. It is tink ik ek wat in tsjinreaksje op de mobile tillefoan en tablets: nei bûten gean en écht wat dwaan.’ Natuurfaam stipet en advisearret griene en duorsume projekten. Sa helpt Lemke geregeld skoallen op wei mei de tún. Se kin helpe mei in ynrjochtingsplan, de learkrachten in kursus ‘Natuurlijk moestuinieren’ jaan of in skoalle it yntroduksjeprogramma ‘Tuinklas’ oanbiede om mei de learlingen útein te setten yn de tún. ‘Ik sykje dan grienten út mei in koarte teelt, of fêste planten lykas fruitstruken en krûden. Sa kinne de bern noch foar de simmerfakânsje in rispfeest hawwe. Bygelyks radyskes, andyvje en túnbeantsjes. Woartels kinne ek wol foar de fakânsje út ’e grûn, dan hast babywoarteltsjes.’

‘Ik tink dat seker yn de doarpen in protte bern noch wol witte wêr’t it iten wei komt. Mar hoe’t it groeit, ûnder de grûn, dat witte de measten net.’ seit Lemke. ‘Je keapje altyd in bosk woartels, mar se groeie los fan elkoar. En sprútsjes groeie yn de oksels fan in plant. In protte minsken witte dat net, dat is dan hiel leuk om te sjen.’

 

De tún op skoalle wurket ek wol troch nei thús, wit Lemke út ûnderfining. ‘Der wie ris in jonkje dat geregeld even nei de skoaltún gie om munt te heljen. Koe hy dêr thús tee fan sette. En âlders dy’t helpe mei de tún op skoalle, begjinne der faak thús ek mei.’ Dy âlders binne wol frij ûnmisber, fynt Lemke. ‘Of frijwilligers, mar hast wol in pear begelieders nedich ast mei 30 bern de tún yn giest. En ek wol wat kennis, dus faak probearje ik skoallen yn kontakt te bringen mei in buerttún ofsa.’

Yn Baard ûnderhâlde de bern de tún foaral sels. ‘Wy begeliede dat as juffen, en soms binne der even wat âlders dy’t meihelpe mei gersmeanen ofsa’, seit juf Jetske. ‘It mei ek best fan de bern wêze. It is in proses, en ik fyn it net slim datst dat sjochst.’ It hinget wat fan it seizoen ôf hoe faak at de bern yn ’e tún binne. ‘Soms binne we der wat faker en soms hielendal net. Mar der is hast altyd wol wat te dwaan: snoeie, plantsje, skoffelje, rispje. Al binne se mar in kertierke mei syn allen oan ’e gong, dan is der al wer in hiel soad dien.’

De Stjelp hie it gelok dat se fiiftûzen euro wûnen mei in ûntwerpwedstryd foar de tún. In túnker hat se holpen by it oanlizzen. De tún is der no ek op ynrjochte om bûtendoar les te jaan. Dat dogge se yn elk gefal seis kear per jier in hiele dei. ‘We kinne hjir ek lêze, foarlêze, fruit-ite, neam mar op’, fertelt juf Jetske. ‘Rekkenje dogge we oars op in tablet, mar op sa’n bûtenlesdei dogge wy dat mei spul en beweging. Fan ’e moarn hawwe de bern guod sammele en dêrnei op alfabetyske folchoarder lein, sa dogge we stavering en wurdskat yn ienkear.’ Ek winterdeis en by min waar giet de bûtenlesdei gewoan troch. ‘Dêr kinst dy op klaaie’, fynt juf Sjoukje de Jong, dy’t sels in termoshirt ûnder de trui hat. ‘En stilsitte yn de rein kin net, dus dan moatte we de bern yn beweging hâlde. Allinnich it lêzen dogge we dan binnen.’   

Mar ek mei in lyts budzjet kinst in skoaltún begjinne, wit Lemke Statema. ‘Kinst by wize fan sprekken in pear tegels omheech sette en mei potten en bakken kinst ek al wat leuks dwaan. Dan hast allinnich wat grûn nedich, en siedsjes binne ek net djoer.’ Foar ynspiraasje kinne skoallen har abonnearje op de nijsbrief Zaaiplezier! fan Jong Leren Eten. Dêryn jout Lemke as ‘moestuincoach’ om de twa wiken leuke tips foar de tún. Datst kweekbakjes meitsje kinst fan âlde wc-roltsjes bygelyks. Mar fynst dêryn ek in ‘zaaikalender’ en ynstruksjes foar it siedzjen.

Yn Baard binne yntusken alle planten de grûn yn. ‘Juf, mag ik de bak met water even?’ ropt Rens. ‘Ik moet ze nog water geven.’

 

Thús ek túnkje mei de bern?

‘Gewoan probearje’, seit Lemke Statema fan Natuurfaam. ‘Pak it net te grut oan, in pear plantsjes is al hiel leuk.’

‘Set wat túnkers yn it finsterbank. Siedzje twa of trije sinneblommen. Slaad, bygelyks rukola, is hiel maklik en kin ek yn potten. En radyskes slagje altyd. Dy hawwe wol in sterke smaak, mar as bern se sels kweekt hawwe, fine se se faak wol lekker.’

Ynspiraasje fynst op www.ivn.nl/zaaiplezier

 

Troch: Arjanne Nijp
Foto: Hoge Noorden
Ut: heit&mem nr. 1 2019

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!