heit&mem

De memmefyts

De memmefyts

x 18 juli 2019

De memmefyts bepaalt hjoed-de-dei foar in part it strjitbyld en seker yn de buert fan in skoalle. Wij wenje deun bij wat skoallen en it docht mij goed as fanatike fytser fan al den dei.

Ik sjoch se fytsen dy memmen, ik sjoch se ôfstappen bij de skoalle en dêrnei stapke foar stapke it kroast fan de fyts tillen. De ultime memmefyts mei foarop in sitsje foar de jongste en efterop in wat gruttere foar de âldste. De jongste dy’t krekt sitte kin en him efter it wynskerm de eagen útsjocht fan wat er allegear te sjen is, at mem dat oanjout. “Sjoch in trekker, sjoch dêr in hûn, en wat seit in hûn? Woef, woef”.

Mem (en op freed of in oare dei heit) hat it der mar drok mei om de jongste dy’t noch lang net alles begrypt weiwiis te meitsjen. De âldste sit efterop. Sûnder trochsichtich wynskerm mar mei in brede rêch foar him. Hij heart en begrypt wol wat mem of heit seit tsjin jonge broerke of suske, mar hij sjocht it net. Hij sjocht mar ien ding en dat is dy brede rêch en dy trekker en dy hûn wêr’t heit of mem it oer hat, sjocht hij yn in flits pas at se al hast foarbij binne. It is hielendal net leuk om  efterop te sitten.

It binne net allinne de heiten en memmen dy’t je op de swier bepakte memmefytsen sjogge. Mear en mear binne it de pakes en beppes dy’t harren op de “berne transportfyts” weagje mei de folle fracht oan berneguod.
Bij it oppassen heart ommers ek it nei skoalle bringen en heljen. De lege ynstap, in rynske romte tusken sadel en stjoer allegear bedoeld om ek heechswiere froulju  (fan de tredde of sa) in fertroud gefoel te jaan, komme dizze pake hiel goed út. It is alle kearen wer in hiele ûndernimming merk ik sels, foaral at je ien fan de twa bern dus net sjogge. En dat is krekt de pakesizzer dy’t him it earst ferfeelt op de fyts.

Bij ús yn it doarp binne noch net folle hippe en trendy jaloersmeitsjende bakfytsen.

Ek dizze pake wringt him sa no en dan tusken de sitsjes op de memmefyts, is der bliid mei dat de foet net oer de stang hoecht en tinkt hij werom om de tiid dat dy heit fan no sels foarop siet yn in izeren heal ferrustke sitsje dat oan it stjoer hong en syn sus dy’t hast 2 jier âlder is, efterop yn de hurdreiten koer sit en mar ien kant útsjen kin. Dat wie wol better as sjen nei de rêch fan heit of mem.  Pakes en memmefytsen it is in moaie kombinaasje, mar de hân opstekke nei oare pakes en beppes dy’t ek ôfladen binne mei harren “goud”, dat moat mar net. It binne úteinlik bern fan in oar wêr’t je mei fytse.

 

Aant Hofstra
Wommels

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!