heit&mem

Sa prate wy thús: Tineke en Jaime.

Sa prate wy thús: Tineke en Jaime.

Tineke is troud mei Jaime. Tegearre hawwe sy twa dochters, Famke (4) en Mailén (2). De bern drage allebeide twa achternammen: de Sileenske achternamme Millañir fan Jaime én de Nederlânske achternamme Nicolai fan Tineke.

Ciska Noordmans 4 juli 2019

Doe’t Tineke it yn har stúdzje genêskunde net rjocht fine koe, besleat sy foar njoggen moanne har koffer te pakken nei Sily.

Tineke: ‘Ik gong dêrhinne foar training en sindingswurk. Ik wurke mei yn it bernetehûs en de tsjerke, en it foldie my sa goed dat ik dêr acht jier bleaun bin. It Spaansk makke ik my eigen en nei in skoftke kaam ik Jaime tsjin. En noch in skoft letter binne wy troud, yn Sily. Dochs wenje wy no wer yn Dokkum mei de bern.

 ‘Te amo’ is itselde as ‘I love you’, mem!

Yn 2016, doe’t Famke twa wie en Mailén noch berne wurde moast, hawwe wy de oerstek wer makke, foaral mei it each op ’e takomst; it ûnderwiis, de sûnenssoarch en de kânsen foar de famkes binne hjir better.’ Dat betsjutte foar Jaime dat er yn in twatalige omjouwing telâne kaam. Tegearre mei Tineke praat er Spaansk, en mei syn dochters ek. Mailén husselet de talen no noch in bytsje trochinoar, mar hat wol troch dat der meardere wurden foar itselde binne. Mei de Spaansktalige abuelo en abuela (pake en beppe) wurdt yn it Spaansk skypet en fideobelle. Dochter Famke kin har Sileenske pake en beppe yn it Spaansk fertelle wat sy dien hat.
Tineke: ‘Wy fine it belangryk dat sy de taal mar ek it gefoel meikrije, de Sileenske kultuer moat njonken de Fryske ek troch harren bloed streame. Famke hat it al hiel goed troch dat sy meartalich is en dat der ek noch oare talen binne as it Spaansk, Nederlânsk en Frysk.
“Te amo” is itselde as “I love you”, mem! sei se lêsten.

As ik mei de famkes bin, praat ik Frysk. Dat is myn taal. De taal dy’t my sa eigen is. Doe’t wy mei Famke yn Sily wennen, ha ik besocht Nederlânsk mei har te praten. Dat wie in rasjoneel beslút. Hiel handich, tocht ik, as sy skielk by har pake en beppe yn Nederlân komt. Mar dat wurke net foar my; it “moast” Frysk wêze. Ik bin Frysk. Mar as wy mei syn fjouweren binne, praat ik Nederlânsk, sadat Jaime de taal tagelyk ek meikriget. It liket allegearre hiel yngewikkeld as ik it fertel, mar dat falt o sa ta. Yn de praktyk giet it floeiend en natuerlik.’

Ut: heit&mem 2019 nr. 1

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!