heit&mem

De befalling fan Marije

De befalling fan Marije

Hieke Rienstra 1 juli 2019

Yn de lêste heit&mem stiet Marije Steen út Froubuorren noch mei har prachtige dikke búk. Se wie dêr 34 wiken yn ferwachting fan har earste berntsje. Yntusken is se op 13 febrewaris befallen fan dochter Joanna Ytsje.

Wêr bist befallen?

“Ik bin befallen mei 37,5 wike yn it sikehûs fan Snits. Ik wie útrekkene op 2 maart, mar ik wist fan tefoaren al dat ik mei 38 wiken ynlieden wurde soe. Toch is it dus noch een heale wike earder wurden, Joanna woe der blykber al earder út 🙂 Ik fûn de befalling behoarlik pittich. Nei tsien oeren weeën ha ik úteinlik in keizersnee han. Joanna hie in hege hartslach dy’t mar net dale woe. Fan de operaasje bin ik flot hersteld, dat foel my neat ôf. Bern fan diabeten wurde faak te grut geboaren, dêr wie by Joanna gelokkich neat fan te sjen.”

Hoe fielst dy no, as nije mem?

“Omdat ik boarstfieding jou, ha ik noch aardich lêst fan ’e hormoanen, dy’t wer ynfloed ha op ’e sûkers. Ik sit noch geregeld te heech of te leech, mar ik fyn it wol belangryk dat ik boarstfieding jaan (bliuwe) kin. It streven is minimaal in heal jier. At se net mear sa ôfhinklik is fan memmemolke, is it makliker om mei de boarstfieding op te hâlden tink ik.Ik fyn it prachtich om mem te wêzen… ik ferbaas my hieltiid oer hoe wûnderlik it is om in berntsje te hawwen, oer it idee fan ‘mem wêzen’ en oer hoe hurd Joanna feroaret. Alles is moai, behalve de gûl-oerkes en de minne nachten. Joanna hat om de 3 oeren wer sin oan molke, dat jildt ek foar de nachten. Dat is lêstich at je trije dagen yn ’e wike wurkje, en der ek hieltiid húshâldlik wurk te dwaan is. Ik fiel my faak wurch, mar at se my oansjocht en laket, bin ik dat ûngemak samar wer ferjitten.”

Hoe is Joanna?

“Joanna is in famke mei pit dat no al hiel goed yn ’e holle hat hoe’t se it ha wol. Se sjocht hiel goed om har hinne en nimt alles yn har op. Se is it leafst yn hannen fan heit en mem en hâldt in soad fan lústerjen nei ferskes en ferhaaltsjes. Se grypt al in soad mei de hantsjes, en alles, mar dan ek alles, docht se yn ’e mûle. Se liket it meast op har heit, foaral har eagen! Wy hienen tocht dat se donkerder hier krije soe, mar it liket derop dat se earst ljochter hier krijt. En ûndanks dat mem brune eagen hat en heit griene, binne dy fan har noch altyd donkerblau.”

Wêrom hawwe jimme foar dizze namme(n) keazen?

“Joanna hyt folút Joanna Ytsje. Se is ferneamd nei myn mem, Ytsje. Myn heit hyt Johannes, in namme dy’t faker foarkomt yn ’e famylje. Myn beppe en ik (myn earste namme) hite beide Anna. De nammen komme dus echt fan myn kant fan ’e famylje. Onno en ik fûnen Joanna beide in leave, froulike namme en hy komt net sa faak foar. Se sil wol altyd sizze moatte dat je har namme sûnder ‘h’ skriuwe….”

En hoe is it mei heit?

Ik fyn it prachtich om Onno mei Joanna te sjen. Hy is gek op har en tinkt sa goed om har, it is him op it liif skreaun om heit te wêzen. Ik bin grutsk op him en ús dochter, wat in ferriking yn ús libben! It leart my om te relativearjen. Ek al binne de sûkers net altyd goed, Joanna is it allerbelangrykste en wit myn dei altyd op te fleuren.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.