heit&mem

De tuskentaalfaze (ûndersyk fan it heit&mem-panel)

Yn Fryslân leare in soad bern op jonge leeftiid mear as ien taal. Thús, op de berne-opfang of op skoalle. Om sicht te krijen op hoe’t de twatalige ûntwikkeling ferrint yn ferskillende sitewaasjes, is yn 2014 it heit&mem-panel oprjochte, troch û.o. it Sintrum Frysktalige Berne-opfang en de Afûk. Yntusken dogge de âlden fan mear as 700 bern mei oan it panel. Sy beäntwurdzje in jierlikse fragelist en teste taalaktiviteiten út.

x 26 juni 2019

Ien fan de ûndersyksfragen wie oft it taalgebrûk fan de bern troch de jierren hinne feroaret. No’t de jierlikse fragelist fjouwer kear útset is, krije we dêr sa stadichoan in byld fan. It blykt dat de taal dy’t de bern thús prate yndie net altyd itselde bliuwt. Fan de âlden dy’t de fragelist trije of fjouwer kear ynfolle hawwe, jout in sechde part oan dat der sprake is fan in ridlik grutte feroaring tusken it earste en it lêste mjitmomint. Dan prate it bern bygelyks earst meastentiids Frysk mei de âlden en letter meast Nederlânsk, of oarsom.

Sa prate de middelste soan fan Sybrich Salverda út Frjentsjer oant in jier as 3 altyd Frysk mei heit en mem. Mar dêrnei kaam er stadichoan yn de tuskentaalfaze*; ûnderwilens brûkt er it Nederlânsk en it Frysk faak trochinoar. Sybrich: ‘Dan seit er bygelyks: “Ik heb vandaag lekker geboarterd.” Op dit stuit is it mear Nederlânsk as Frysk. Hy is noch mar 5, en dit is in tydlike faze, dus we moatte mar ôfwachtsje hoe’t it komt. Wy bliuwe yn alle gefallen konsekwint Frysk tsjin him praten.’

Krekt as yn in protte oare húshâldingen ferrint by Sybrich thús de taalûntwikkeling fan it iene bern oars as by it oare. ‘Us âldste hat net lang yn ’e tuskentaalfaze sitten, hy hie himsels al rillegau oanwend om op skoalle Nederlânsk te praten en thús Frysk.’

Ek by Geartsje Visser út Grins wie der ferskil tusken de bern. By de enkête yn 2016 prate de âldste dochter thús Frysk, wylst de jongste dochter fral Nederlânsk prate. Geartsje: ‘Wy wenje yn Grins, dat de bern hearre eins allinne thús en by famylje Frysk. En tafallich is ien liedster op de berne-opfang ek Frysktalich. Wy hiene wolris it gefoel dat ús Rikst earst net goed begriep wêr’t se wol en wêr’t se net terjochte koe mei it Frysk. Faaks hat se doe tocht: ik praat altyd mar Nederlânsk, dan ferstiet elk my.’ In jier letter jout Geartsje oan dat de jongste thús ûnderwilens altyd Frysk praat. Wat is der bard? Geartsje: ‘Rikst hat blykber útfûn dat je de taal keppelje kinne oan in persoan. Dêr is se hiel strak yn. As se foar harsels besletten hat dat se Frysk praat mei in bepaald persoan, dan wykt se dêr ek net mear fan ôf.’

Troch de jierren hinne binne der troch it heit&mem-panel ek eksperimintsjes en taalspultsjes dien yn ferskate talen: Frysk, Nederlânsk en ek Ingelsk. Sa is bygelyks besjoen oft bern maklik Fryske wurdsjes oanleare kinne mei help fan opsisferskes út Krûpelhintsjes. De âlden diene trije dagen achterinoar in ferske mei de bern. Op de earste dei seinen de âlden it ferske op. Op de twadde dei lieten se in tal wurden fuort en trunen se it bern oan om dy wurden yn te foljen. Op de tredde dei wie it de bedoeling dat it bern dy wurden sels opsizze koe. Alle bern, ek dy út kompleet Hollânsktalige húshâldingen, dogge dat eins hiel goed. De aktiviteit liket in gaadlike foarm om nije wurden út in oare taal te learen. De bern sjogge it as in leuk spultsje en de âlden fine it ek moai om sa’n aktiviteit mei harren bern te dwaan.

Tuskentaal:

Fierwei de measte bern dy’t op jonge leeftiid twa talen leare, komme op in bepaald stuit yn ’e tuskentaalfaze. Dan brûke se beide talen trochinoar. Soms betinkt it bern sels de frjemdste wurden. Dêr kinst as âlder ûnwis fan wurde: komt dit wol goed? Dochs giet it dêrby om in folslein normale faze, it bern is oan it eksperimintearjen hokker klanken, wurden en grammatikale regels by de iene taal hearre en hokker by de oare. Faak begjint de tuskentaalfaze mei in jier as 3½, en duorret dy oant 5 of 6 jier, mar 7 kin ek noch.

 

Heit&mem-panel

Wolsto ek meidwaan oan it heit&mem-panel? Jou dy op fia t.schrama@sfbo.nl. It makket net út watfoar taal jimme thús prate. De iennichste betingst is dat jimme yn alle gefallen ien bern hawwe yn ’e leeftiid fan 0-6 jier.

Skreaun troch: Hilda Schram, Sytske de Boer
Uit: de lytse heit&mem nr. 6 2019/2020

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!