heit&mem

Resinsje fan Antje: De parallaks

x 17 juni 2019

Wylst ik de roman ‘De parallaks’ fan Janneke Spoelstra lies, fielde ik dat it om in echt ferhaal gie. Net ‘echt’ yn de sin fan wier bard, mar wol kin de lêzer werkenning fine of ynsjoch krije yn hoe’t it is ast lesbysk bist. En dan net op in wize dat it der swier boppe-op leit, nee gewoan, sa’t it yn it deistige libben giet.

It boek giet oer trije froulju (Famk fan 30, Lokke fan 50 en Wyb fan 70) dy’t elkoar min of mear kenne. Se rinne soms tafallich elkoars libben yn as passant, mar liede fierder har eigen libben. De oerienkomsten tusken harren binne: aard, bining mei it doarp Liens en de natoer om it doarp hinne, roots of bining mei Ljouwert, en se hawwe in (of wurkje mei de) hûn(en). Fierders komt it Amelân in pear kear as lokaasje foar yn it ferhaal.

Alle trije hawwe se op dit stuit gjin partner, by Lokke is har freondinne Eef op reis. It tiidsbestek fan it boek is in simmerhealjier (fan de maitiid oant it begjin fan de hjerst). De titel ‘De parallaks’ kriget betsjutting troch it ferskowen fan it perspektyf tusken de trije haadpersoanen, wêrby’t de oaren dan as passant yn it ferhaal weromkomme.

De haadpersoanen balansearje min of mear tusken doarp en stêd. Sa giet Wyb mei de hûn te rinnen oan de râne fan har âlde doarp, wylst se no yn Ljouwert wennet. Ek it balansearjen of oan ’e râne stean fan wat ‘telt’ yn it libben – houlik, bern, sosjale akseptaasje – komt yn it ferhaal nei foaren.

Hoe dan ek: by famylje, yn de natoer of by de hûn, dat binne de plakken dêr’t Spoelstra de karakters ta har rjocht komme lit. De natoer oardielet net.

Fierders hat Spoelstra moaie finsterkes yn it ferhaal makke; as der yn de tún of op it fjild wat bart, is der soms in lytse parallel mei it echte ferhaal. Knap dien, al fregest dy soms as lêzer wol ôf oftst by elke rigel no oplette moatst: is dizze sin no belangyk of net?

It giet yn dit boek ek om de ferskillen: de libbensferhalen, de akseptaasje fan de omjouwing, wol of net in gesin foarmje. Dat lêste is benammen foar Famk noch in fraachstik. Rint se derfoar wei of wol se in bern just in ‘gewoan’ gesin gunne? Skerp delset is ek hoe’t fanút har perspektyf de (manlike) omjouwing op har reageart by dy fragen. It makket it der net makliker op.

Weromkommend op ‘De parallaks’: ek it ferskil yn perspektyf fan hoe’t elk yn it libben stiet, ferwurdet Spoelstra hiel goed. De lêzer sjocht troch de eagen fan de haadpersoanen wat sy sjogge. Dat is by alle trije ferskillend. Yn it begjin fan it boek moast ik dêr noch even each foar krije, omdat de omstannichheden by de karakters op elkoar lykje. Wyb is gelyk hiel moai delsetten, dat ik waard fuort meinaam yn it ferhaal. It perspektyf fanút Famk en Lokke komt letter yn it ferhaal sterker nei foaren. It is in moai útboud ferhaal wurden, wêryn’t alle trije karakters wol djipgong krigen hawwe.

Al mei al ha ik it boek mei nocht lêzen. It is net in boek foar op ’e râne fan ’e boekeplanke, it mei in moai plakje middenyn hawwe!

Troch Antje van Schepen

‘De Parallaks’ is foar € 16,50 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

 

-> Antje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!