heit&mem

Kollum: Bliuw by dysels

Kollum: Bliuw by dysels

Dieuwke van der Meer 6 juni 2019

It is sneintemoarn. Do leist neist my yn it grutte bêd. Noch mar tolve wike op dizze wrâld. Ik sit dy rêstich te besjen. Dyn lytse hantsjes, dyn ûnwillekeurige bewegingen, dyn twinkeljende eachjes. Soms kin ik wol gûle fan gelok. Of soe it dochs de wurgens wêze?

Soms kin ik ek wol gûle fan ûnwissichheid en betraapje ik mysels derop dat ik hieltyd mei myn tillefoan yn ’e hannen sit, om’t ik alles googelje wol. Allinne oer it sliepen fan in lytse poppe binne al tich ferskate mieningen en advizen te finen. De iene seit gûle litte, de oare seit fan net. De iene seit nachtfiedingen binne goed, de oare seit fan net. De iene seit it bern by dy sliepe litte is it bêste en de oare seit wer fan net. Om gek fan te wurden.

Op sokke mominten betink ik my wat ik dwaan soe as ik allinne mei myn poppe yn de rimboe wêze soe. Dan komst ynienen hiel ticht by de natoer en hiel ticht by dysels. Doe’t ik mem waard fan ús âldste, lústere ik foaral nei oaren. Gewoan omdat ik tocht dat dy it altyd better wisten. Sy hienen de ûnderfining, ik net. Mar no wit ik, oare heiten en memmen dogge ek mar wat.

No besykje ik foaral nei mysels te lústerjen. Ik doch wat goed fielt. En as ik it wer even net wit, dan rop ik foar de safolste kear myn mantra ‘Ik meitsje my nearne drok om’. Want ik wit, de babytiid giet echt sá hurd foarby. Wylsto dy drok makkest omdat er net allinne yn syn bedsje sliepe wol, noch net trochsliept, alwer it boarst ha wol of te lang oer syn fleskes docht, ferjitst al gau fan it no te genietsjen. Dus ik folgje myn gefoel en ik folgje myn soan, dy’t him neat oanlûkt fan sliep- en ytskema’s. Hy stekt syn hantsjes yn ’e loft en besjocht se wiidweidich.

Dan giet de sliepkeamerdoar sachtsjes iepen. Us dochter fan seis krûpt ek by ús yn bêd. Se krûpt har lytse broerke oan. Triennen fan ûnwissichheid of wurgens? Nee, dizzen binne echt fan gelok.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.