heit&mem

Byinoar sliepe yn it famyljebêd

De minske is eins it iennige sûchdier dat syn bern yn in oare keamer sliepe lit. Der binne lykwols hieltyd mear âlders dy’t de kar meitsje om wer byelkoar te sliepen. Op ús Facebook-berjocht mei de fraach wa’t thús in famyljebêd hat, krige heit&mem hast twahûndert reaksjes! Fan: “Ben je gek? Dan doe ik geen oog dicht!”, oant: “Wij koese lekker byelkoar!”

Marieke Vinckers 6 juni 2019

In grut bêd fan stegerhout, twa meter breed, trije sliepplakken. De fjouwerjierrige Anna út Ljouwert leit sûnt twa jier tusken har âlders Susanne en Jacob Jongejan yn. It earste diel fan de jûn sliept se yn har eigen bêd, op har eigen keamer. As Anna wekker wurdt, is it faak bêdtiid foar har heit en mem. Ropt se, dan nimme se har lytse famke mei nei it grutte bêd.

Nei it bêdritueel (ferhaaltsje lêze en Jacob dy’t hiel sêft in leaf heavy-metallietsje sjongt foar syn dochter) sizze se: ‘Tot strakjes!’ Noch altyd wurdt Anna nachts wekker, dochs binne de nachten folle rêstiger. Susanne: ‘We hoeven er niet meer uit om haar gerust te stellen. We liggen naast haar om te zeggen dat het nog geen ochtend is, en dan slaapt ze rustig verder.’ Doe’t Susanne in kear sei: ‘Lieverd, het is nog nacht, iedereen slaapt nog’, sei Anna (doe twa jier âld): ‘Nee hoor, uilen zijn nu ook wakker!’ Dêrnei slepte se al gau wer.

Gerderike Leemburg op Facebook: “Samen slapen voelt voor ons erg natuurlijk. Als je kijkt naar de dierenwereld of naar andere culturen, dan is samen slapen en samen zijn erg normaal. Eigenlijk is het vreemd dat wij in Nederland onze baby’s vrij veel alleen laten.”

Normaal

‘Het is een keuze’, seit Jacob, de heit fan Anna. ‘Die keuze wijkt misschien af van de maatschappelijke norm, maar wij vinden het niet meer dan normaal dat Anna ’s nachts bij ons ligt. Je bent er overdag toch ook voor je kind? Wij willen ook ’s avonds dichtbij zijn als ze ons roept.’ Susanne: ‘Wat ik zo jammer vind, is dat samen slapen als alternatief wordt gezien, in plaats van als normaal. Ook wordt vaak ingespeeld op angst, zoals de zorg dat je op je kind kunt gaan liggen, maar als je je aan de voorschriften houdt van veilig samen slapen[1], is het juist heel veilig en ook zó fijn om samen met je kindje te slapen.’

Byinoar sliepe

Wy binne it hjir net mear wend. Yn Yndia bygelyks (13 miljard ynwenners) sliept mar 7 prosint fan ’e berntsjes (3-10 jier) net by de âlders, 93 prosint wol[2]. Troch de iuwen hinne is der yn it Westen in soad feroare. Yn 1800 skowe wy it berntsje noch yn in laadsje fan it bedstee. Oant healwei de 20e iuw libben wy yn lytse hûzen mei grutte gesinnen en slepten wy noch ‘gewoan’ mei syn allen byelkoar. Pas doe’t der mei de yndustriële revolúsje ek wolfeart kaam, waarden de hûzen grutter. Dêrmei kamen der ek mear keamers, ynklusyf de bernekeamer.

Als Jacob en Anna a capella snurken, dan pak ik wel even mijn oordoppen!

Gûle

Dat Anna by har âlders sliept is eins út need berne. Jacob fertelt dat Anna as poppe in soad gûlde: ‘Ze was heel onrustig. We merkten dat ze het fijn vond om dicht bij ons te zijn. Eerst hebben we daarom een co-sleeper aangeschaft. Riep ze ons, dan gaven we haar een aai over de bol, legden haar knuffel dichtbij en sliepen verder. Het was voor ons alledrie heel onrustig. Toen we ons verdiepten in natuurlijk ouderschap, merkten we dat dat veel beter bij ons paste dan wat in onze maatschappij de norm is. Het is dan niet de klok die bepaalt wat goed voor haar is, maar Anna zelf. Als zij na drie uur slapen wakker werd omdat ze honger had, wie waren wij dan om te zeggen dat het daar geen tijd voor was?’

Natuerlik âlderskip

Susanne: ‘De kern van natuurlijk ouderschap is dat een veilige hechting tussen ouder en kind van groot belang is voor een kind.’ By natuerlik âlderskip[3] jout de mem bygelyks folle langer boarstfieding, âlders drage it bern op it lichem en leare sensityf te reagearjen op wêr’t it bern ferlet fan hat. ‘Samen slapen hoort daar wat ons betreft ook bij’, seit Susanne. ‘En ja, daar hebben we het natuurlijk wel even goed over gehad samen, maar het voelde voor ons beiden heel natuurlijk dat ons meisje bij ons kwam slapen.’

Fenna Visser reageerde op Facebook: “Leuk zo’n familiebed, maar hoe komen er dan broertjes of zusjes? Als partner wil je toch ook wel eens samen lekker knuffelen, tegen elkaar aanliggen, of dingen bespreken?” In protte reaksjes gongen dêroer. Jeltsje van der Gal: “Wy ha wol wat ferlet fan privacy!”

Susanne en Jacob sjogge eefkes leafdefol nei elkoar en hast tagelyk sizze se: ‘Tot elf uur ’s avonds zijn we lekker met z’n tweetjes en kunnen we doen wat we willen!’

Feilich

Foardat it grutte stegerbêd kaam, hie it stel it allegear goed trochtocht. ‘We hebben ons verdiept in de regels van veilig samen slapen, van professor McKenna[4].’ It foardiel fan byelkoar sliepen? Do fielst elkoar oan. As de ien draait, draait de oar mei en as it bern wekker wurdt, dan bisto der om te treasten. De eangst dat it bern stikke sil is faak ek grut, mar it blykt dat byelkoar sliepe krekt hiel feilich is, trochdat je prikkels diele op bêd. Jacob en Susanne ûnderfine gjin neidielen, eins allinnich mar foardielen. ‘Nou ja,’ laket Susanne, ‘tenzij Jacob en Anna a capella aan het snurken zijn, dan pak ik m’n oordoppen wel hoor!’ Jacob: ‘We zijn nog elke dag heel blij met onze keuze. Anna heeft ons geleerd om op een andere, meer natuurlijke manier naar het ouderschap te kijken. We voelen aan wat zij nodig heeft en daar spelen we op in.’ Susanne: ‘Anna heeft ons gaandeweg geleerd de ouders te zijn die we willen zijn.’ 

[1] Veilig samen slapen: www.samenslapen.nl/veiligheid
[2] Nighttime Parenting, dr. William Sears USA
[3] Natuurlijk ouderschap: https://kiind.nl/article55
[4] Veilig samen slapen volgens professor James McKenna: http://samenslapen.nl/veiligheid/

Troch Marieke Vinkers
Foto’s: Hippe Kiek fotografie

Ut: De lytse heit&mem nr. 6 2019/2020

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!