heit&mem

It bleatefuottepaad

Fiele, rûke, hearre en sjen… set dyn sintugen op skerp! Sweef tusken himel en ierde en lit dyn tinzen gean. Garânsje: komst hiel relaxed teplak!

Ciska Noordmans 28 augustus 2015

Fiele mei de fuotten

In bleatefuottepaad is in paad datst op bleate fuotten rinne kinste, mei ferskillende ûndergrûnen, sân, klaai, wetter, kiezels, moude, houten flonders, stapstiennen. Kinst it sa gek net betinke of do komst it tsjin ûnderweis. Bern wurde bern útnoege te boartsjen mei skûpredden, pompen, brêgen en touwen om te slingerjen. Utrêste kin op lytse en hiele hege banken of op in weikrûpplakje. Koartsein, it is bûtenboartsje optima forma. Lit dyn teanen jubelje yn lekker sacht sân, blabze of oer de stiennen en banjerje  troch it frisse wetter.

De smartphone mei

Yn 2014 is der in bleatefuottepaad iepene yn Fryslân, tichtby de Lytse Wielen yn Ljouwert.  Dat paad, datst op bleate fuotten rinne kinste, hjit it Swartefuottepaad. Ast de rûte fan pealtsjes, poefkes en pompeblêden folgest, komst kikkerts yn alle maten tsjin, dy’t yn it ‘Amfibyparadys’ en op de útsjochheuvel bivakkearje. Underweis kinst mei in smartphone filmkes dellade en sjen hoe’t alles hjir mei grutte kranen oanlein is en wat dieren at hjir libje. Dêrfoar hat Wetterskip Fryslân de mobile webside www.kleinewielen.nl makke.

Net benaud foar fizichheid

Mar der is noch in bleatefuottepaad tichtbij:  it ’t Blôde Fuottenpaad van De Pein tichtby Surhústerfean. In oanrieder foar bern dy’t net benaud binne om in bytsje fiis te wurden (en alle oaren kinne har letter wer eefkes ôfspiele by de wetterkraan). It Blôde Fuottenpaad is in útdaging en ek hiel geskikt foar wat âldere bern oant sa’n 12 jier. Fansels hinget it wol wat fan it waar fan de lêste dagen ôf, wat asto ûnderwiis tsjin komste… In soad rein, jout lekkere klotsende blabze. In soad sinne makket de paden drûger.

It bleatefuottepaad is fergees. Sjoch op www.blotevoetenpad.nl foar iepeningstiden en mear ynformaasje.
Ek geskikt foar lytse jierdeifeestjes.

 

Bewurke publikaasje út heit&mem 2013 – 3

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.