heit&mem

De resinsje fan Tryntsje: ‘Myn lytse lûdeboekjes – De natoer’

x 1 april 2019

Flak foar de twadde jierdei fan ús famke lei der in prachtich boekje troch de doar. In lûdeboekje mei de titel ‘De natoer’. De heldere kleuren en rêstige foarmjouwing sprutsen fuortendaliks oan. It foarlêzen waard yn earste ynstânsje dan ek neat, it boekje moast earst ‘sels’ lêzen wurde.

Nei wat omblêdzjen troch ús wyfke koene wy der efkes foar sitten gean. It kartonnen boekje bestiet út seis platen mei elk in oar tema dat te meitsjen hat mei de natoer. De platen binne hiel dúdlik, mei genôch details, sûnder drok te wêzen. Op elke plaat stiet in wurd dat by de plaat heart. De kikkert, de fûgel, de rivier, de rein, de see en de ûle. Op de lêste bledside stean alle platen nochris, sadat je noch in kear meielkoar de lûdsjes neidwaan kinne. Want op elke bledside fynst in rûntsje dêr’tst dyn finger op lizze kinst en dan hearst it lûd dat by it wurd heart. Dy lûden binne hiel werkenber en klinke net ‘blikkerich’. It lûd fan it boekje is simpel oan en út te setten mei in skeakelknopke achter yn it boekje.

De kleurige platen nûgje út om mei dyn bern te praten oer wat der te sjen is. Sa stiet op de earste bledside in kikkertsje dat op in pompeblêd sit en dat kweaket asto dyn finger op it rûntsje leist. Op de achtergrûn springt in kikkertsje it wetter yn en fljocht in libel foarby.

Dat op elke bledside mar ien wurd stiet, docht neat ôf oan it plezier dat je oan it boekje belibje kinne. De fantasy fan it bern (en de foarlêzer) wurdt genôch stimulearre. It boekje is hiel geskikt foar bern fanôf 1 jier, troch de stevige kartonnen útfiering. De wurden yn it boekje waarden gau oppikt troch ús famke, dat oan it begjin fan it praten learen sit. Nei in pear kear foarlêzen en praten oer de platen kin sy ús en har grutte broer no sels ‘foarlêze’. Ek wat gruttere bern sille plezier belibje oan it besjen fan de platen en it hearren fan de lûdsjes. Al mei al in oanrieder!

Tryntsje Hoekstra út Hallum

 

De natoer’ is foar € 13,95 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

-> Tryntsje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!