heit&mem

Boekresinsje fan Aukje-Tjitske: ‘Fete’

x 28 maart 2019

De Grutte Fryske Oarloch

Der wurde in soad koppen ôfslein yn it boek Fete fan Skelte Siweris Braaksma. Lokkich is it stripboek net folslein yn kleur, oars soe der in protte read fan ’e bledsiden ôfspatte. Fete fertelt nammentlik it ferhaal fan ’e Grutte Fryske Oarloch yn ’e lette midsiuwen.

Yn dy tiid fan Fryske Frijheid hie Fryslân binnen it Hillige Roomske Ryk in soad autonomy. It bestie út lytse, selsstannich bestjoerde gebieten dêr’t haadlingen de septer swaaiden. Dy haadlingen woenen lykwols hieltyd mear macht en rekken slaande deilis mei-inoar. Om sterker te stean, sleaten se bûnsgenoatskippen, wêrtroch’t úteinlik twa partijen oerbleaunen: de Skieringers en de Fetkeapers. Yn Fete giet it oer de striid tusken dy twa partijen, dy’t fan 1413 oant 1422 hiel fûl wie.

De foarm, in byldferhaal of strip, fyn ik tige nijsgjirrich. De hjitte fan ’e striid komt sa goed ta syn rjocht. Yn it byldferhaal is in soad dialooch en dat lêst hiel flot, wylst it dêrtroch dochs net tefolle fan it histoaryske ferhaal ôfwykt, al ha ik dat net kontrolearre. Achter yn it boek is beskreaun wat fiksje is en wat sa krekt mooglik basearre is op ’e wiere skiednis.

Der wie spitigernôch wol ien ding dat ik lestich fûn by it lêzen: it wie net altyd daliks dúdlik wa’t no wat sei. Der komme ferskate personaazjes oan it wurd yn it boek: Tom Brok, Koppen Jarich, Sikke Sjaarda, Fokko Ukena en noch mear. Se wurde allegearre kreas yntrodusearre en meastentiids ferdútse de ynformative tekstblokjes wol in soad, mar dochs moast ik gauris skeakelje en betinke by hokker partij dizze en jinge no ek al wer hearde. Dat komt fansels ek om’t dizze skiednis frij nij foar my is en ik in man lykas Tom Brok net automatysk assosjearje mei de Fetkeapers.

Nettsjinsteande dat minpuntsje wurdt troch it lêzen fan Fete moai dúdlik hoe’t de machtsferhâldingen derhinne leinen yn ’e tiid fan ’e Fryske Frijheid, en hoe’t yn dy tiid konflikten ûntstienen en útgroeie koenen. It is in ferhaal oer langstme nei macht en it behearskjen fan safolle mooglik lân (en stêden) en oer grutskens en net tajaan wollen, ek al soe de dea derop folgje. Mei alle moard en deaslach is it wol sa noflik dat it ferhaal, dat lykwols moai ta libben komt, ek in bytsje op ôfstân bliuwt, faaks troch it gebrûk fan sepia yn stee fan kleur. Al mei al in tige nijsgjirrich boek.

Aukje-Tjitske Dieleman-Hovinga

 

Fete’ is foar € 19,90 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

-> Aukje-Tjitske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!