heit&mem

De resinsje fan Sita: ‘De natoer’

x 25 maart 2019

Nei in drege wike fol rein skynt it sintsje no gelokkich wer, mar as wy ûnwennich wurde fan de rein kinne wy altyd noch nei de reindruppen yn dit boekje lústerje, krekt echt! Sok wiet waar jout fansels wol fijn de tiid om dit moaie nije boekje te lêzen én te belústerjen.

Myn dochter fan oardel jier fynt it hiel bysûnder. It is ek nijsgjirrich fansels, want se kin hearre watfoar lûd de kikkert makket, hoe’t de fûgeltsjes fluitsje en watfoar lûden der by de see te hearren binne. En ek de ûle is yn dit boekje te finen. It is wat my oangiet in edukatyf en learsum boek. Foaral foar jonge bern is it hiel nijsgjirrich. Se kinne sels de lûdsjes oansette troch mei de fingers op it wite rûntsje te drukken.

De lûdsjes kinne ek útset wurde en dan kinne se sels besykje om bygelyks by de fûgel te fluitsjen en by de kikkert te kweakjen. Los fan de lûdsjes binne der ek in hiel soad plaatsjes yn te finen fan allerhande bisten, beammen, fûgels en blomkes.

Sa kinst by it wurdsje fan de rivier sykje om de geit, it fiskje en de bearkes en by it wurdsje fan de rein is in hiel bosk te finen mei in ingeltsje, in iikhoarntsje en in hiel ferskaat oan blomkes, beammen en bledsjes.

It boekje befettet 6 plaatsjes, 6 wurden en 6 lûden. It is in moai en stevich boekje fan karton, mei plaatsjes dy ’t dúdlik en kleurryk makke binne. Mei in bytsje fantasy fan mem, heit of in oare foarlêzer/ster binne de ferhalen by dit boekje ûneinich.

It is in hiel moai en praktysk boek oer de natoer en it is seker in moaie oanfolling foar de boekekast! Wy hawwe der yn elk gefal al in hiel soad wille fan hân.

Sita Land – Dotinga út Surhuzum

 

De natoer’ is foar € 13,95 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

-> Sita is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.