heit&mem

Resinsje fan Sieta: ‘Alle dagen Frysk-kalinder’

Dieuwke van der Meer 20 december 2020

Jitris, spûketaast, wynsel en bekling. Samar in pear wurden dy’tst tsjinkomme kinst op de “Alle dagen Frysk – ‘Do it yourself’ kalinder” fan Birte Buwalda, dy’t ein 2018 ferskynd is by de Afûk. Sa is it hjoed, 26 jannewaris, it wurd ‘skjintme’ (schoonheid – beauty), in wurd dat ik sels wol ken, mar lang net altyd brûk. It is ek in wurd dat wol fan tapassing is op dizze kalinder: prachtige yllustraasjes en foto’s, makke troch ferskate minsken, binne te finen op de 365 kaartsjes mei wurden, dy’t dêrmei in goed byld fan it wurd jouwe.

By it yninoar setten fan de kalinder – dat is ommers it hippe ‘DIY-part’ (Do it yourself) fan dizze jierkalinder – dy’t alle jierren op ’e nij brûkt wurde kin, haw ik alle wurden ris lêzen. Wat hawwe wy dochs in machtich moaie taal; en tagelyk binne der sa’n soad wurden dy’t wy net mear alle dagen hearre. Wat spitich! Birte Buwalda moat by de gearstalling fan dizze kalinder grif tocht hawwe: dêr moat feroaring yn komme! Minsken moatte moaie Fryske wurden lykas sykhelje, twirre, poeiermolke, bylkje en tusearten brûke, dy wurden moatte harren wer yn it sin brocht of oars oanleard wurde!

Yn in oerke haw ik de kalinder klear: de A4’kes moatte eefkes omteard wurde, sadat se maklik te skuorren binne, en dêrnei leist se op in bultsje op datum. Dan de gatsjes eefkes trochprippe en as lêste in stikje tou troch de gatsjes stekke. De linen en gatsjes binne (foar)perforearre, dat makket it skuorren en trochprippen maklik. Wat wol ûntbrekt, is in koarte beskriuwing fan it yninoar setten; op it mapke stiet dêr neat oer, op de kaartsjes ek net. Lokkich haw ik de kalinder eefkes opsocht op de Afûk-webside en dêr fyn ik wol in beskriuwing; sa lês ik ûnder oaren dat it toutsje fan de Japanske sluting as toutsje foar de kalinder brûkt wurde kin.

Wat ek handich en moai meartalich is, is it feit dat op de kaartsjes by alle Fryske wurden yn lytsere letters de oersetting fan it wurd te finen is yn it Nederlânsk en it Ingelsk. Dat makket dizze kalinder tagonklik en oantreklik foar in grut publyk: foar jong en âld, foar yn it (trijetalich) ûnderwiis, foar op ’e wurkflier, foar Friezen (om utens) en toeristen, om sels te keapjen of om kado te jaan. Al mei al haw ik mei in protte nocht dizze wurdekalinder fan inisjatyfnimmer Birte Buwalda yninoar setten!

De kalinder ‘Alle dagen Frysk’ is foar €12,95 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

Troch Sieta de Vries út Gytsjerk

 

-> Sieta is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.