heit&mem

Nije Tomke webside, nije Tomke App én in nij digitaal Tomke platfoarm

Hieke Rienstra 22 januari 2019

Tomke hat in nije webside! Alle ynformaasje oer Tomke en ferhaaltsjes, spultsjes, ferskes en filmkes foar pjutten binne no  te finen op dizze frisse, nije side.

Ek is der in hagelnije Tomke App, dêr’t bern  op telefoan of tablet boartsje kinne mei Tomke en Romke.

Derneist is der in ‘Tomketeek’, spesjaal foar professionals dy’t mei pjutten wurkje.  Op dit digitale platfoarm binne alle materialen fan Tomke en oar Frysk materiaal foar pjutten sammele.

Sjoch gau op tomke.nl en download de app yn de App Store of yn Google Play

In soad wille mei Tomke!

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.