heit&mem

Yn ferwachting

Yn ferwachting

Ciska Noordmans 13 december 2018

Renske Galama-Terwisscha van Scheltinga (31) is 23 wiken yn ferwachting. Renske en har man Oane ferwachtsje de poppe om de kryst hinne. De lytse sil yn Nij-Seelân berne wurde.

‘Wy binne trije moanne werom yn Fryslân en oer twa wiken fleane wy wer nei Nij-Seelân. Ik moat aanst nei in konferinsje yn Frankryk en it like ús beide moai ta om dy gelegenheid oan te gripen om in wat langere tiid yn Fryslân troch te bringen. Hjir is it no simmer en dêr is it yn dizze perioade waar dêr’tst wolris in dip fan krijst… It reint dêr winters faak, krekt as hjir yn Fryslân winterdeis. Foar in protte jonge minsken is it in dream om in skoftke yn ’t bûtenlân te wurkjen en wy koene dy dream wiermeitsje. Ik doch myn promoasjeûndersyk oan de Universiteit fan Auckland en Oane hat wurk yn ’e wettertechnology. Wy fine it in prachtich lân, mei in moaie natuer, mar wy misse wat de gesellichheid oanbelanget Fryslân wol. De bining mei de freonen, en de aktiviteiten dy’tsto hjir yn Fryslân dwaan kinst, dat is wol bysûnder en oars as dêr. De Nij-Seelanners binne hiel relaxt en dat nimme wy wol oer. It komt dochs faak oars as dat je pland hiene. Earst moasten we dêr wol wat oan wenne … mar go with the flow is in goed motto. Meitsje dy net te drok as it in kear oars giet as datsto wolste.

Sadwaande meitsje wy ús ek net sa drok oer dingen lykas bertekaartsjes en keammerkes. As wy weromgean ha wy noch net in hûs. Wy hawwe dus ek noch net in keammerke ynrjochte foar de poppe. Dat komt letter wol. Yn Nij-Seelân ha se gjin kreamsoarch nei de befalling, mar wy ha der alle betrouwen yn dat dat goed komt. No’t wy noch net witte oft it in jonkje of in famke wurdt, ha wy it tegearre gauris oer de foarnamme. Yn beide famyljes is de lytse aanst net de earste pake- en beppesizzer, dus we hoege net te ferneamen. We wolle eins graach in namme dy’t maklik út te sprekken is yn alle talen, yn elts gefal yn it Ingelsk en Frysk.

Wolsto witte hoe’t it nei de befalling mei Renske en Oane giet, en hoe’t de poppe derút sjocht? Lês dan yn jannewaris 2019 it ferfolch op www.heitenmem.nl

 

Foto: Hippe Kiek Fotografie

Ut: Heit&mem nr. 2 2018

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!

Een baby kan direct na de geboorte de stem en geur van zijn moeder herkennen. Na een paar weken kan hij het verschil zien tussen zijn moeder en andere volwassenen.