heit&mem

In jonkje yn in jurkje

Nynke van der Zee 10 december 2018

It kin noch in hiel ding wêze

Hý boartet graach mei Barbies, sý is gek op Spiderman. Hy hat ferklaaiersklean fan K3, sy in stoer pak fan Star Wars. Jonges dy’t graach famkesdingen dogge en famkes dy’t jongesdingen folle leuker fine. Soks is tsjintwurdich net hiel frjemd mear. Dochs wurdt der noch altyd wat nuver sjoen as in jonkje mei poppen boartet. En in famke dat koart stikeltsjehier hat, is ek bysûnder. Jonges- en famkesdingen; it kin noch in hiel ding wêze.

Hylke en Marije binne beide 6 jier. Hy is gek op rôs en tekenet it leafst hiele dagen prinsessen. Sy is sljocht op fuotbal en wol it hier it leafst sa koart mooglik. En beide binne se it aldergelokkichst as elkenien se gewoan gewurde lit. Thús kin dat, mar foar de bûtenwrâld is it dochs faak in bytsje gek. ‘Wy krije wolris de opmerking dat in jonge net mei poppen heart te boartsjen’, fertelt Hylke syn mem Rixt. ‘Hylke hat twa suskes, dus minsken tinke faak dat it dêr miskien oan leit. Mar hy krige doe’t er lyts wie gewoan trekkers en raceauto’s op syn jierdei, krekt as oare jonges. Mar dêr taalde er hielendal net nei, wylst er sljocht wie op de Barbies fan syn suskes. Wat ús betreft is dat hielendal prima.

Wy krije wolris de opmerking dat in jonge net mei poppen heart te boartsjen

Ek by Marije is fan jongs ôf al dúdlik dat sy neat mei famkesdingen hat. ‘Wy krigen moarns al rúzje as de klean oan moasten foar it pjutteboartersplak’, laket har mem Jildau. ‘Ik socht in rôs shirtsje foar har út en sy woe beslist in stoer blau shirt oan. Tsjintwurdich lit ik har gewurde en leit Marijes kast fol mei stoere klean. En har eagen glunderje as se by de kapper koart hier krijt. As sy har dêr lekker by fielt, dan fyn ik it prima. Marije is gewoan Marije; in stoer famke dat fan jongesdingen hâldt.’

Genderspesifyk gedrach
Jonges- en famkesdingen; wy neame it ek wol genderrol of genderspesifyk gedrach. ‘Dat is gedrag dat wij, als maatschappij, zien als passend bij het geslacht waarmee je geboren bent’, leit Thomas Steensma út. Hy is berne- en jeugdpsycholooch en ûndersiker by it Kennis- en Zorgcentrum voor Genderdysforie fan it VUmc yn Amsterdam. ‘Genderdysforie betekent dat je ongenoegen ervaart met je eigen lichaam en de sociale rol die bij jouw geslacht hoort. Je voelt je comfortabeler in de andere genderrol. Vaak gaat genderdysforie samen met de wens om ook daadwerkelijk het andere geslacht te willen hebben, maar de sterkte van dit gevoel kan verschillen en het kan ook verschillende vormen hebben.’

Sa wol Marije letter graach nei de ‘pimeltsjewinkel’, wylst Hylke noch nea lûdop útsprutsen hat dat er in famke wêze wol. ‘Hy is ek noch sa jong dat wy it dêr noch net oer hân hawwe’, fertelt Rixt. ‘Wy sjogge wol hoe’t it letter komt, mar in famke wúrde is no noch in stap te fier.’ Ek by Marije thús prate se der altyd luchtich oer. ‘Sy hat it fan jongs ôf oan al oer de “pimeltsjewinkel”, mar fierder as dat geane de petearen noch net’, knikt Jildau. ‘Wy sjogge fansels hoe’t it rint.’

‘Sy hat it fan jongs ôf oan al oer de “pimeltsjewinkel”,
mar fierder as dat geane de petearen noch net’

Oandacht foar transgenders
De ôfrûne jierren is der hieltyd mear omtinken yn de media foar de saneamde ‘transgenders’, minsken dy’t wrakselje mei harren genderidentiteit. Al dy oandacht is allinnich mar moai, fynt Thomas. ‘Het lijkt erop dat er meer acceptatie is gekomen voor jongens die meisjesdingen leuk vinden en andersom. Toen ik hier 12 jaar geleden begon, kwamen er heel veel ouders met jonge kinderen. We zien de leeftijd de laatste jaren stijgen. Ouders vinden het minder zorgelijk dat hun kind net iets anders dan anderen is. Dat is erg positief, want het is voor veel kinderen gewoon onderdeel van een normale ontwikkeling.’

Dochs giet it tal bern dat help siket by it Kennis- en Zorgcentrum voor Genderdysforie de lêste jierren omheech. ‘We zien per jaar zo’n 70 tot 80 kinderen onder de 12 jaar’, fertelt Thomas. ‘Maar er is een enorme toename van het aantal adolescenten. In die periode, met de beginnende puberteit en de ontwikkeling van geslachtskenmerken, worstelen jongeren met hun lichaam. Dat zorgt voor een enorme toename van stress, die we met puberteitsremmers kunnen wegnemen. Die extra tijd is erg belangrijk om de juiste keuze te maken voor een mogelijk vervolgtraject in de toekomst.’

It ferfolchtrajekt
Faak wurdt by in ferfolchtrajekt fuortendaliks tocht oan hormoanbehannelingen en in operaasje, mar it grutste part fan de bern dy’t help sykje yn harren bernetiid hat yn de takomst gjin ferfolchtrajekt nedich. Thomas: ‘Bij de meerderheid van de kinderen zien we dat gevoelens van genderdysforie in de kindertijd verminderen. Maar er is ook een groep die zo’n groot ongenoegen met het eigen lichaam heeft dat ze kiezen voor een medisch vervolg. Ook die kinderen begeleiden wij hier heel intensief bij.’

Hoe’t it fierder giet by Hylke en Marije? Beide memmen helje de skouders op. Jildau: ‘Ik soe it foar Marije hiel moai fine as se akseptearje kin dat se in stoer famke is. Dy wei is minder hobbelich. Mar wat se ek nedich hat, wy sille har stypje.’ Ek Rixt bliuwt nochteren oer de takomst. ‘Wy steane der hiel relaxed yn. It komt sa’t it komt. Salang as Hylke mar gelokkich is. Dêr giet it ús om.’

Fanwege privacyredenen hat de redaksje de nammen yn dit stik oanpast.

Ut: Heit&mem nr. 2 2018

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!