Sân kear deselde kreamfersoarchster
Dieuwke van der Meer 19 augustus 2015
By de berte fan de twadde dochter Johanna, trettjin jier lyn, kaam de kreamfersoarchster tafallich yn dizze húshâlding terjochte. De twadde kear hie it gesin Agatha frege. Dat wie ek fuort de meast heftige kreamwike, want harren dochter Menke Jantine (2003) ferstoar yn it sikehûs. Op de foto de bern oan wa Agatha Zeinstra-van der Wâl de earste wiken fan harren libben soarch ferliende. Fan links nei rjochts: Menke (1), Inge (10), Johanna (13), Jan Jacob (7), kreamfersoarchster Agatha Zeinstra mei it lytste prinseske Maaike (0), Anna Geertje (3) en mem Harmke Groen. Ynstjoerd troch: Klasina Werf Wolsto ek in ferhaal ynstjoere foar op ús webside? Mail it nei ynfo@heitenmem.nl

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: