Kollum: Funnie
It earste wat er seit as hy oan tafel komt: ‘Ik heb gedroomd dat ik tegen Real Madrid moest voetballen.’
‘Wat geweldich!’ sis ik.
‘Ja hè.’ No komt it ferhaal, hy giet der ris goed foar sitten. ‘Wij waren nog veel jonger dan nu.’ Hy is fyftjin. ‘Ik dacht: Shit, Real Madrid. En ik sta linksmid, dus ik moest Bale dekken.’
‘Beel?’ freegje ik.
‘Gareth Bale. Uit Wales. Dat werd natuurlijk heel moeilijk.’ Sels yn syn dreamen bliuwt hy realistysk. ‘Maar voor Pieter Buma was het nog moeilijker.’
‘O ja?’
‘Hij moest Benzema dekken.’
Hy tinkt der nochris oer nei. ‘Terwijl Bale toch beter is dan Benzema.’
Ik sjoch nei myn soan. Der moatte in soad famkes gek op him wêze, dat kin dochs net oars. Hy hat humor en blauwe eagen en is ienmeternjoggentich. Mei wat muoite lûk ik him tsjin my oan. ‘Wiest noch mar in lyts jonkje. Dan koe ik dy optille en de hiele dei knuffelje.’
Hy jout efkes mei, want hy begrypt wat ik bedoel. Weemoed is him net frjemd. Wy seagen in kear nei âlde famyljefilmkes, hy wie noch mar in jier of seis, mar hy moast der al fan gûle: ‘Ik wou zo graag weer een baby zijn!’
Soms ferlangt hy werom nei it simpele bestean op de basisskoalle. Hy fûn it dêr ferskriklik want alle dagen wiene itselde. Op it lyseum binne syn dagen spannend, mar ek ûnfoarspelber en ûnwis. Foar mysels ek trouwens, want it libben fan myn soan giet bûten my om. Hy docht dingen dêr’t ik niks fan wit. Hy wit dingen dêr’t ik niks fan wit. Ik krij faak fan him te hearren dat ik ûnder in stien lis.
Ik sis tsjin him dat ik hoopje dat hy noch jierren thúswenjen bliuwt. Wat trouwens mei de keamerprizen yn studintestêden net tinkbyldich is. Mar: ‘Ik dénk er niet aan,’ seit hy. Sa gau as hy syn diploma hat, wol er yn Grins op keamers.
‘Wêrom, om fan myn geseur ôf te wêzen?’ De bekende wei. ‘No, gean dan wat fierder fuort as Grins. Gean nei Amsterdam of Maastricht of it bûtenlân. Toe mar gau.’
‘Ach, veertig kilometer is wel ver genoeg,’ seit er. Hy docht hagelslach op ’e bôle, fisket der in grien dinkje ôf en hâldt it omheech: ‘Kijk mem! Een funnie.’
Karen Bies

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: