heit&mem

In fytshelm op

Elk jier komme der sa’n 31 bern ûnder de tolve jier om yn it ferkear. Dat is hast in hiele klasse fol. Dêrneist bedarje noch sawat 2000 bern troch in ferkearsûngelok yn it sikehûs. Kin it dragen fan in fytshelm dat foarkomme?

Ciska Noordmans 1 november 2023

Lytse bern falle hast altyd op ’e holle

Bernetraumasjirurch dokter William Kramer fan it UMC Utrecht/Wilhelmina Kinderziekenhuis stelt dat it dragen fan fytshelmen behoarlik helpe kin om it risiko op letsel te ferminderjen. Fan de bern dy’t op ’e fyts nei skoalle gean en ûnderweis in ûngelok krije, belânje der sa’n 2000 jiers yn in sikehûs, sa’n lytse 1000 mei letsel oan ‘e holle. Faak hâlde se dêr bliuwend letsel oan oer en binne dy bern foar har libben ferstanlik of lichaamlik beheind. Dat soks ferskuorrend is om mei te meitsjen, hoecht fansels gjin taljochting; âlders fiele har skuldich, fertrietlik en ûnmachtich as soks har oerkomt. Hiene se it foarkomme kinnen? Kramer fertelt dat troch al dy ûngelokken de sikehûzen in goed ynsjoch krigen ha yn de ûngemakken. Lytse bern falle hast altyd op ’e holle. Dat komt omdat by lytse bern de holle relatyf grut is en hast in kwart fan it lichemsgewicht ynnimt.

Wa’t in fytshelm draacht, hat as er falt, 50% minder kâns op ferwûningen oan ’e holle, in helm ferminderet by fytsers it risiko op bliuwend harsenletsel mei 70%, neffens de bernetraumasjirurch. En soks kin krekt it ferskil meitsje tusken bliuwend harsenletsel en in gewoane harsenskodding. Hy sjocht it as ien fan syn taken om de maatskippij te warskôgjen foar dat gefaar, foarkomme is ommers altyd noch better as behannelje.  Wat him oanbelanget soe der in draachplicht fan fytshelmen komme moatte foar bern oant en mei it fuortset ûnderwiis.

 

De Fietsersbond is benaud dat der minder fytst wurde sil

Coole dudes en mountainbikers

Dochs rint it net sa hurd mei de fytshelmen yn it strjitbyld fan Fryslân. De Fietsersbond is sels faaljekant tsjin fytshelmen en is benaud dat der minder fytst wurde sil as elkenien ferplichte wurdt om in helm te dragen. De SWOV, dy’t him dwaande hâldt mei wittenskiplik ûndersyk oangeande ferkearsfeiligens, is foar it frijwillich dragen fan in helm, mar is fan miening dat der mear barre moat, bgl. in oanpassing fan de ynrjochting fan ús diken, om de feiligens fan fytsers te garandearjen.

Wie der yn 1980 hast gjin fytshelm te keap yn Nederlân, dat is no wol feroare. Yn 2001 hienen sa’n twa- oant trijehûnderttûzen heiten en memmen in fytshelm oanskaft foar har bern. Der is yn de rin fan de tiid mear omtinken foar kommen op skoallen en troch de media wurde âlders har mear bewust fan de risiko’s en it nut fan de fytshelm. Dêr komt by dat it oanbod oan fytshelmen hieltyd grutter wurdt. Der is in romme kar út ferskillende pasfoarmen en kleuren. En eins sjogge de measte helmen der best ‘vet’ út tsjintwurdich. Dat yn kombinaasje mei de coole dudes dy’t mei helm op troch de strjitten skate mei waveboards, inlineskates of rollerblades, is de opmars no net mear tsjin te hâlden. En wy sjogge ommers ek net frjemd op fan racefytsers en mountainbikers mei in helm op, dy’t by ús de polderdiken delfleane?  

Net eamelje mar sels it goeie foarbyld jaan

Achterop in helm op

We kinne allegear wol in ferlechje betinke wêrom’t wy gjin helm op ha wolle. Myn hier rekket yn ’e war of hy sit net sa lekker mei spjeldsjes of in sturt yn, in helm is simmerdeis sa waarm, net sa cool, gjin plak om de helm op skoalle op te bergjen of: my komt neat oer! Foar de feilichheid fan jim bern kinst it dragen fan in fytshelm stimulearje. Net om der op om te eameljen mar troch it sels te dwaan! Jou it goeie foarbyld en lis bern út wêrom’t it dragen fan in helm belangryk is. Ek foar pjutten en beukers achter op ’e fyts, of yn ’e bakfyts, is in fytshelm gjin bûtengewoane lúkse. It berntsje is op dy manier goed beskerme en leart al hiel betiid dat in fytshelmke der gewoan by heart! Neffens dokter Kramer fan it Wilhelmina Ziekenhuis docht bliken dat bern earder in helm drage sille as se ’m ek moai fine, as se gefaarlike dingen bûten dogge, lykas skeelerje, as heit en mem it stimulearje en as de freontsjes ek in helm drage. In protte bern fiele har mei helm ek feiliger yn it ferkear as sûnder helm.

Tips

– In helm moat goed passe en lekker sitte. Let ûnder oaren op luchtgatten en  gewicht. – Hast in bril? Hâld dy op ast in helm past. – Yn Europa moat in helm foldwaan oan feilichheidsnoarmen: EN-1078 (helmen foar folwoeksenen) en EN-1080 (helmen foar bern). – Reflektorstrepen helpe om noch better op te fallen yn it ferkear. – Hâld rekken mei de foarkar fan soan of dochter. Hoe leuker at hy ’m fynt, hoe faker at hy ’m opsette sil. – De riemkes moatte om de earen falle en net dêr boppe-op. – Stel de riemkes, tsjek oft se goed fêstsitten bliuwe en skodzje dan eefkes mei de holle. Bliuwt alles op syn plak?

Ut: heit&mem 2 2013  

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.