heit&mem

Wa is dyn bff? (flog-winaksje!)

Dit jier is it tema fan de Kinderboekenweek ‘Freonskip’.
Dêrom roppe wy alle bêste freonen út Fryslân op om in leuke flog te meitsjen.  Fertel ús bygelyks wêrom as jimme bêste freonen binne of fertel ús wat jimme goed kinne of faak tegearre dogge.

Dieuwke van der Meer 6 september 2018

Ynstjoere kin oant en mei tongersdei 27 septimber nei ynfo@heitenmem.nl. (der mei ek in link nei ús tastjoerd wurde as it earne online stiet)
Leeftyd: 6-12 jier.

De winners wurde op sneon 29 septimber oan it publyk bekend makke op de presintaasje fan it Fryske berne-aksjeboek om 15:00 oere yn Mem yn de Prinsetún. De flog wurdt dêr sjen litten én de winners krije it aksjeboek kado én in boekepakket mei in wearde fan 50 euro! Elkenien dy’t meidocht oan de flog-winaksje kriget dêr it berne-aksjeboek ‘De Bonsterkes op ‘e Terp’ kado.

Dy middei is der ek in ‘Der op út mei heit&mem-dei’ yn de Prinsetún en is der fan alles foar it hiele gesin te rêden! 

Súkses!

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.