heit&mem

De babykeamer fan Yfke

Marrit (33) en Fokko (37) wenje mei Ydwer (2) en lytse poppe Yfke yn de Oranjewyk yn Ljouwert. Se binne op syk nei in oar hûs. Foar de babykeamer woene se dus net mear fervje, behingje of oare grutte klussen útfiere. It motto wie dan ek in moai keammerke kreëarje sûnder al te grutte yngrepen. It resultaat is in basic en fris gehiel mei hjir en dêr in persoanlike touch.

Dieuwke van der Meer 13 juni 2018

Marrit: ‘Foardat dizze keamer in babykeamer waard wie it ús rommelkeamer. De wask hong der te drûgjen en der stie alderhande guod dat wy nergens oars kwyt koene. Doe’t wy it keammerke leech hellen, bleau der in wite basis oer. De muorren binne wyt en op ’e grûn lizze wite planken. Dy flier hie Fokko lein doe’t wy noch gjin bernewinsk hiene. It binne grenen flierdelen dy’t wy wyt ferve hawwe. Op sa’n ljochte flier stiet eins alles wol moai. Fan de planken dy’t wy oerhiene makke Fokko in prikboerd dêr’t wy kaartsjes, hingers en assessoires op kwyt koene: de bertekaartsjes fan ús fjouweren, Yfke har sulveren rinkelbel en oare dinkjes dy’t by har passe. Dat prikboerd jout de keamer in persoanlik tintsje.

As basiskleuren keazen wy foar mintgrien en fluor-oranje. Omdat dat frisse kleuren binne en de basis ek noch wyt is, ha ’k fierder in soad houttinten brûkt. Dy soargje derfoar dat de romte ek waarm en smûk oandocht.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Wat ik moai fyn, is dat wy in soad dingen werbrûkt hawwe. Sa komt de kommoade fan Marktplaats en it hobbelhynder út ’e kringloop. Ek dy hawwe wy ferve. Us mem hat in nije hoes haakt foar in âlde poef. Ek de borduerde letterlape en de kessenhoezen binne fan har hân. Wy hawwe sowieso in soad te tankjen oan ús âlders, want de widze komt fan skoanheit en -mem, dêr hat Fokko yn lein doe’t er lyts wie. Syn beppe hat der nije beklaaiïng by naaid. De rotanstoel stie froeger op myn bernekeammerke. Grappich, want dat rotan sjochst no wer in soad. 

De ienige grutte oankeap dy’t wy dien hawwe wie de kleankast. Dy fûnen wy by in brocante winkel yn Jellum. It flierkleed is fan Ikea, it tekkentsje fan de Hema en de pompons fan engelpunt.com. Oan de muorre hinget in letterslinger fan Xenos dêr’t ik de tekst mei makke ha dy’t op Yfke har bertekaartsje stiet: “Noch mear wy mei dy”. Al it oare ha wy krigen fan de kreambesite. Ik hie mei sin fan tefoaren net safolle tierelantijntsjes kocht, want nei de komst fan Ydwer hie ik al ûnderfûn dat sa’n keammerke fansels wol fol komt.’

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!