heit&mem

Helder kommunisearje: Lytse wurdsjes, grut ferskil

Dúdlik kommunisearje mei bern is wichtich. Mar hoe dochst dat eins? En wat binne de falkûlen? Kommunikaasjetrainer Tineke Dijkstra fan de Stichting Kinderopvang Friesland (SKF) en opfiedcoach Sandra Smits út Dokkum jouwe tips.

Klasina van der Werf 28 mei 2018

‘Goed kommunisearje mei bern begjint al mei hoe’tsto dysels fielst. Sitsto lekker yn dyn fel? Dan reagearrest positiver en dan sjocht de dei der al hiel oars út’, seit Tineke, dy’t in grut foarstanner is fan de Gordon-metoade. ‘Dêrby is it belangryk om aktyf te lústerjen en te praten fanút it ik-boadskip. Bygelyks: “Ik sjoch datsto boas bist. Hoe komt dat?” Prate kinst it beste dwaan op ’e hichte fan de bern, wêrby’t je inoar oansjogge. Troch écht te hearren wat in bern seit, fielt it him serieus nommen. Dat is de basis. En it moaie is: de Gordon-metoade is brûkber foar alle minsklike relaasjes.’

Bern kinne hiel goed sels in oplossing betinke, as se de kâns mar krije.

Dúdlik wêze

As âlder of as liedster kinsto fansels net elk momint klearstean foar in bern. Tineke: ‘Dat hoecht ek net. Asto it mar dúdlik útleist, bygelyks: “Ik bring earst dyn suske op bêd en dêrnei sille we in boekje lêze”.’

Hasto lêst fan it gedrach fan in bern? Dan is it neffens Tineke belangryk om dyn eigen gefoel dêrfan los te keppeljen. ‘Alders ha al gau oanstriid om te sizzen: “doch net sa ferfelend”, “net rûzje meitsje” of “wês even rêstich”. Mar ast seist: “Ik wol dat jimme no ophâlde mei rûzje te meitsjen, want ik fyn it net gesellich”, dan jousto in oar de romte om mei dy mei te wurkjen. Dat wol net sizze dat it fuort slagget, mar dan kommunisearrest wol helder. It giet derom datsto seist watsto bedoelst.’

As bern net lústerje – en dêr rinne in soad âlders tsjinoan – is der blykber wat oars dat mear oandacht freget. ‘Dan moatst dúdliker wêze yn dyn boadskip, bygelyks: “Ik wol datsto my in hân joust by it oerstekken, want it is gefaarlik”. As âlder bisto ek rezjyhâlder.’

Sels oplosse

Omgean mei konflikten fine in protte âlders en opfieders ek lestich. De measten geane konflikten it leafst út ’e wei. Mar it heart wol by it libben. ‘Asto dat akseptearrest, dan sjochst der hiel oars tsjinoan. Om bern te learen mei konflikten om te gean, is it wichtich om se fan jongs ôf oan te learen dat se sels ek ynfloed hawwe op de oplossing. Dat kin allinne mar ast helpst by it oplossen yn de rol fan coach. En net as skiedsrjochter, want dan bepaalsto wat de oplossing is. Eins seist dêrmei: “Ik wit it better as do”. Yn ’e praktyk silst ûntdekke dat bern hiel goed sels in oplossing betinke kinne, as se de kâns mar krije. En as it slagget? Dikke tomme! Sa leare se der ek noch fan.’

Wêr’t bern neffens Tineke neat fan leare, binne de strafsirkels en strafstuoltsjes dy’t nannys en pedagogen betocht hawwe. ‘Dêrmei bringst de relaasje mei it bern allinne mar skea ta en makkest misbrûk fan dyn machtsposysje as âlder. In bern leart dêrmei wat nét mei. Mar do kinst se better leare wat se wól dwaan moatte. Sa makkest fan bern ferantwurdlike boargers.’

De rol fan âlders

Opfiedcoach Sandra Smits út Dokkum is it dermei iens dat bern leare moatte om séls in oplossing te sykjen. ‘Soms is it goed om as âlder even ôfstân te nimmen, sadat in bern sels de tiid kriget om boas of fertrietlik te wêzen. Net fuort klearstean mei advizen, mar romte jaan oan emoasjes en grinzen stelle oan gedrach. Dat is ek it útgongspunt fan de workshop “Heppie!?” dy’t ik jou oan âlders, opfieders en professionals’, seit Sandra. Se is mem fan trije bern. In dochter fan 7 en twa soannen fan 5 en 1,5 jier. Har missy is om bern te helpen troch harren âlders te stypjen by de opfieding. ‘Ik probearje âlders foaral ynsichten te jaan. Alle âlders hawwe wolris fan dy mominten dat se tinke: no wit ik it efkes net mear. Mar dat is net slim. Júst net. Eins gun ik elk bern in net-perfekte âlder. Want dan hoecht it bern ek net perfekt te wêzen. Op sa’n momint is it belangryk om sjen te litten hoe’tsto dêrmei omgiest. Dêr leare bern fan!’

Eins gun ik elk bern in net-perfekte âlder.

Ien lyts wurdsje

Yn de kommunikaasje is it hiel weardefol om oan te jaan watsto wól ferwachtest. Sandra: ‘Wy sizze faak wat we nét wolle, bygelyks: meist net fan de stoel ûnder it iten. Mar ús brein kin it wurdsje “net” net opslaan. Dus asto seist “ûnder it iten bliuwst op ’e stoel sitten”, dan witte bern watsto ferwachtest en wat se dwaan moatte. As in bern seit “Ik kin it net”, dan kinst as âlder sizze: “Goh, do kinst it nóch net”. Mei dat wurdsje “noch” joust oan dat it net slim is dat it net yn ienkear slagget. Sa krije se de romte om it te learen. Lytse wurdsjes meitsje soms in hiel grut ferskil!’

Mar wat is no de bêste metoade foar de kommunikaasje mei bern? Sandra Smits hat dêrfoar noch in lêste tip. ‘Der binne in hiel soad metoaden en der binne ek wer oerlapingen. Mar sjoch foaral ek nei de manier dy’t by dy past. Want as dat it gefal is, dan is it echt en bist autentyk. En dan pas komt it boadskip goed oer by in bern.’

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!