heit&mem

De nije heit&mem is der!

De nije heit&mem is der!

De nije heit&mem is der! Fine jim him net fleurich? Sverre stiet mei syn maat Spike op ‘e cover. It tema freonskip komt fierderop yn de nijste edysje werom, yn in artikel oer meartalige freonskippen en in prachtich ferhaal oer Esther, dy’t in nier krige fan har sweager Hans.

 
Hieke Rienstra 5 april 2018

Yn de rest fan it blêd fynst wer in oantal prachtige printables , kinst lêze hoe’st dyn bern op har eigen gefoel betrouwe litst,  wat HCFS is, wat de skries docht by dyn bern op skoalle en wêrom se op skoalle ynienen safolle oan beweging dogge….

It blêd wurdt yn in oplaach fan 46.000 stiks ferspraat troch hiel Fryslân.

Wolsto graach tenein ek de heit&mem útdiele op dyn skoalle, evenemint of organisaasje? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl.

Kinst ek in eksimplaar thús besoarge litte, it blêd is hjir online te bestellen en dan betellest allinne de ferstjoerskosten.

De heit&mem is hjir online yn te sjen.

Hast fragen of opmerkings nei oanlieding fan de heit&mem? Lit it ús witte! Lit hjirûnder in reaksje efter of mail it nei ynfo@heitenmem.nl.

En ferjit dy net oan te melden foar ús nijsbrief! (mei freebies!!)

In protte lêswille tawinske!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.