Printeboek ‘Ssst! De tijger slaapt’ ek yn it Frysk foarlêze
Hieke Rienstra 22 januari 2018
Fan 24 jannewaris o/m 3 febrewaris binne it wer de ‘Nationale Voorleesdagen’. Foarlêzen stimulearret de (taal)ûntwikkeling fan bern en prikkelet de fantasy. En it is ek noch ris hiel goed foar de bân mei de bern! Foarlêze kin fansels yn alle talen.
It printeboek fan it jier 2018 is ‘Ssst! De tijger slaapt’ fan Britta Teckentrup. Dit printeboek is net yn it Frysk ferskynd, mar der is wol in Fryske oersetting fan it printeboek mei allerhande suggestjes foar aktiviteiten by it foarlêzen. Sa kinst dit prachtige printeboek ek yn it Frysk foarlêze!
Klik hjir om de Fryske oersetting ‘Ssst! De tijger slaapt’ te downloaden.
![]() |

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: