Hantsjes yn ‘e hichte (berne-app)
Dieuwke van der Meer 22 juli 2019
Dizze app hat fiif nije en tsien tradisjonele Fryske berneferskes. Tink derby oan ferskes as ‘Holle, skouders, knibbel, tean’, ‘Oaljefantsje yn ‘e bosk’, ‘Flip, flap, flinterke’, ‘Suze nane pope’, en ‘sa giet de mole’.
De berneferskes wurde songen troch Janneke Brakels mei begelieding op piano troch Cor Bakker. It iene ferske is geskikt foar de alderlytsten, it oare foar de beukers en guon foar de leeftyd dêr tusken yn.
En it moaie fan dizze hiele app is… hy is gratis en fergees te downloaden foar iPad en Android!
Wat foar dyn bern? Download de app dan gau en lit ús hjirûnder witte wat do en dyn bern der fan fine!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: