Nij! Wy geane hjoed op bearejacht
Wendy de Jong 29 november 2017
In oersetting fan dit hast klassyk te neamen printeboek, dêr’t heit, mei syn fjouwer bern, allerhanne swierrichheden as blabze, wetter, in sniestoarm en in tsjustere bosk oerwint op jacht nei de bear. Mar dan is der de konfrontaasje en witte se net hoe gau’t se werom fleane sille nei it feilige hûs. In kostlik sirkelferhaal mei oansprekkende werhellings by elk obstakel.
Nei it printeboek is der fan ‘Wy geane hjoed op bearejacht’ no ek in kartonferzje utbrocht. Mei moaie yllustraasjes. It boekje hat in moai hânsum formaat en is geskikt foar bern fan 3 oant en mei 6 jier.
Wy geane hjoed op bearejacht.
Wy fange fêst in gruttenien.
Wat ha we in prachtige dei.
Wy jouwe nergens om.
It kartonboekje is hjir te bestellen foar €9,95.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: